Aginda 23-11-17: Lêzing Oera Lindaboek

logo.ensafh

Hoe’t it kin dat it mysterieuze hânskrift út de Fryske Kanon yn safolle lannen safolle losmakke hat.​
Yn 1867 waard in mysterieus hânskrift ta bestudearring foarlein oan it Frysk Genoatskip. It wie Cornelis Over de Linden dy’t it hânskrift in oantal jierren dêrfoar krigen hat. It boek beskriuwt dat der al yn it jier 2000 foar Kristus in Fryske beskaving ûntstien wie dy’t as foarbyld jildde foar de beskavingen dy’t dêrnei kamen. Yn de jierren nei de ‘ûntdekking’ fan it boek wie der in soad diskusje oer de autentisiteit en wie men op syk nei de skriuwers. Ek yn it ynterbellum is it boek yn ‘e oandacht kaam en sels frij resint hat der ynteresse west yn it boek.… Lês fierder

Teleks: Lexicon Frisicum wurdt oerset nei Frysk en Ingelsk

logo.ensafh

It Latynske wurdboek Lexicon Frisicum fan Joost Hiddes Halbertsma (1789-1869) is it earste wurdboek dat de Fryske taal beskriuwt. It wurdt dêrom wol sjoen as de basis fan it skriuwen fan hjoeddeistige Fryske wurdboeken.

Leksikograaf Anne Dykstra sil artikelen út it leksikon oersette nei it Frysk en it Ingelsk. De provinsje Fryslân stelt in subsydzje fan 10.000 euro beskikber. Hy docht dat wurk mei twa oaren. It wurdboek ferskynde yn 1872 en wie skreaun yn it Latyn en Gryksk. “It is in bysûnder wurdboek, want it jout net inkeld de betsjutting fan de wurden, mar Halbertsma jout ek rike histoaryske beskriuwingen fan bygelyks brulloften en begraffenissen,” fertelt Anne Dykstra.… Lês fierder

Teleks: Eeltsje Hettinga is de earste Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Eeltsje Hettinga is keazen as de alderearste Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Hy wûn de ferkiezing mei it fers ‘Under de steden’. Deputearre Sietske Poepjes beneamt de Dichter fan Fryslân op 24 novimber yn de Herman Gorterkerk te Balk.

As Dichter fan Fryslân is Hettinga de kommende twa jier poëtysk ambassadeur. Hy skriuwt seis oant tsien gedichten jiers, leafst ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. De Dichter fan Fryslân kriget dêr in fêste fergoeding foar fan € 2.500,- jiers en € 250,- foar elk gedicht. De sjuery bestiet út Obe Alkema, Peter van Lier en Tamara Schoppert .… Lês fierder

Teleks: Afûk krijt 180.000 euro provinsjejild foar Fryske boek

logo.ensafh

De Afûk krijt 180.000 euro fan de provinsje foar de promoasje en de ferkeap fan it Fryske Boek. De taken dêrfoar binne earder dit jier oergien fan Tresoar nei de Afûk. De Afûk hat in plan opsteld oer hoe’t se de boeken oan de man bringe sille. It jild kinne se dêrfoar goed brûke. Neffens direkteur fan de Afûk Koen Eekma sit der wer in opgeande line yn de ferkeap fan Fryske boeken. Dit komt ek troch de sutelaksjes by de doarren del. Dat hat in pear jier stillein mar it suteljen smyt hieltyd mear op.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Teleks: ‘It sinfol bestean’ fan Willem Verf Boek fan ‘e Moanne

logo.ensafh

It sinfol bestean is útkeazen as Boek fan de Moanne yn novimber en desimber. It boek is o/m 31 desimber foar mar € 14,50 te keap yn de boekhannel.

‘Karin en Jitse, beide aardich yn de sechtich, wurde nei mear as fjirtich jier ynienen konfrontearre mei in persoan dêr’t se mei ôfkear oan weromtinke. Wat se mei dy man meimakke ha yn harren studintetiid, is de reade tried yn de besrkiuwing fan de jierren dat Jitse en Karin elkoar kennen learden. Dy reade tried is yn dizze roman ferfrissele mei harren libbens fan no: beide binne aktyf yn de polityk, tige maatskiplik belutsen en kieze foar in sinfol lêste part fan harren libben.… Lês fierder

Aginda 24-11-17: Fremibu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder