Aginda 22-10-17: Baskyske literêre middei yn húskeamerteater De Wier

logo.ensafh

Baskyske literêre middei yn húskeamerteater De Wier

Op sneintemiddei 22 oktober organisearret Other Words / Oare Wurden yn gearwurking mei húskeamerteater De Wier yn Koarnjum in Baskyske literêre middei. Der trede ferskate skriuwers op, der binne fraachpetearen en der is muzyk. De presintaasje is yn hannen fan Karen Bies.
De Fryske skriuwer Bart Kingma en de Biltske skriuwer Gerard de Jong hawwe yn it ramt fan Other Words acht wiken yn de stêd Donostia (San Sebastián) yn Spaansk Baskelân wenne. Bart wie dêr yn de hjerst fan 2016 en Gerard yn de maityd fan 2017. Baskelân hat op beide in grutte ynfloed hân.… Lês fierder

Aginda 29-10-17: Boekpresintaasje oer it libben fan Arjen Dijkstra

logo.ensafh

Boekpresintaasje: oer it leven fan Biltske dichter Arjen Dijkstra
Yn 2016 ferstoar Arjen Dijkstra, dé dichter fan it Bilt(sk).Yn syn deistich libben wie Dijkstra learaar oan de Mavo, en dêrfoar oan de Mulo. Syn neilittenskip bestiet út foto’s, dokuminten en ek sawat fiifhûndert gedichten, foar in part net earder publisearre.
Tegearre mei Stichting Ons Bildt wurket it Bildts Dokumentasy Sintrum oan in boek oer syn libben en wurk. Dit boek wurdt presentearre op snein 29 oktober, om 15.30 yn Ons Huis yn Sint Anne. Nijsgjirrich foar it Bildts Aigene en de Bildtse Strúnroete mar fansels ek foar leafhawwers fan poëzij.
Tagong fergees, konsumpsje tsjin betelling.… Lês fierder

Teleks: Rely Jorritsmapriis foar it lêst yn Littenseradiel

logo.ensafh

Foar de lêste kear hat boargemaster Liemburg fan de gemeente Littenseradiel sneon de Rely Jorritsmapriis útrikt. Dizze gemeente hâldt per 1 jannewaris 2018 op te bestean en giet op yn Súdwest-Fryslân, Ljouwert en de Waadhoeke. Boargemaster Johanneke Liemburg wol dat de organisaasje fan de literêre stimulearringspriis no oergiet nei de gemeente Ljouwert, omdat it bertedoarp fan Rely Jorritsma, Jellum, aanst by Ljouwert heart. Mar Ljouwert fynt it útrikken fan prizen gjin kearntaak fan in gemeentebestjoer, en dêrom sil de Rely tenei wierskynlik troch de stichting FLMD útfierd wurde.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 27-10-17: Dei fan de Fryske taalkunde

logo.ensafh

It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret dit jier foar de njoggende kear de Dei fan de Fryske taalkunde. Dat sil wêze op freed 27 oktober 2017.
De lokaasje: Fryske Akademy, Doelestrjitte 8, Ljouwert. Ynrin is om 9:30 oere. It programma begjint om 10:00 oere en wurdt ôfsletten mei in buorrel om 16:30 oere.

Klik hjir foar it programma en hjir foar de gearfettingen.… Lês fierder

Teleks: Teaterfoarstelling DE GRINS

logo.ensafh

(ynstjoerd)

Teaterfoarstelling DE GRINS

It klimaat feroaret, it seewetter komt deroan, de seedyk, ús fertroude grins is net heech genôch, wy strûpe derûnder! WAT DOGGE WY? Ferhûzje wy nei Drinte, nei België? Komme der nije grinzen? Binne wy dan noch Friezen? Prate wy noch Frysk?

De Grins set útein mei in ynformaasje gearkomste oer de feroarings fan it klimaat en wat dat foar ús betsjut. Al rillegau wurdt dúdlik dat de twa organisatoaren it net mei inoar iens binne…

De Grins is in nije Fryske teaterfoarstelling oer ús. Us identiteit en wrakseljen mei de Fryske taal. Dynamysk, ynteraktief, serieus en komysk.… Lês fierder