Teleks: Swalk Frysk op toernee 9 – 18 septimber

logo.ensafh

Frysk mediaspektakel Swalk mei byld, lûd, muzyk en ferhalen, komt fan 9 – 18 septimber yn Ljouwert, Aldebiltsyl, Gytsjerk, Warns, Frjentsjer, Drachten, Dokkum, Poppenwier, Mantgum en Feanwâlden. Mei live optredens fan de band ‘Wiebe‘ en Fryske skriuwers, dichters en keunstners: Marga Claus, Aggie van der Meer, Yke Reeder, Joke Scheffer, Popke Popma, Sigrid Kingma, Ate Grypstra, Arjan Hut, Janneke de Boer,Tsjimk Scarse en oaren.
Op alle lokaasjes ferkeap fan Fryske boeken. It tema fan Swalk 2016 is: brieven.

Swalk begjint mei it Frysk Boekefeest yn Tresoar op 9 septimber mei û.o de Presintaasje fan it Kadoboek ‘Neiskrift’, skreaun troch Marga Claus en Aggie van der Meer en Aksjeboek foar bern ‘Wapper’, skreaun en yllustrearre troch Yke Reeder.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Juny 2016

logo.ensafh

 

Poëzij

Jaap Veenstra
gatten yn it tek / gaten in het dak
Bornmeer, De Gerdyk 2016
Ferkeappriis € 12,50
ISBN: 9789056153694

Omslag-Veenstra-werkt-DEF-510x783

De gedichten yn dizze bondel longerje nei de minsklike maat en in libben om ’e nocht. De ôfprinte keunstwurken binne fan de hân fan Marty Poorter.

Jaap Veenstra (1959) wennet yn De Rottevalle. Fan him ferskynde earder – ientalich Frysk – De nacht midstwa.

Geart Tigchelaar
leech hert yn nij jek

Utjouwerij Hispel, Wiuwert 2016
Ferkeappriis € 10,00
ISBN: 9789074516181

Yn leech hert yn nij jek, syn earste dichtbondel, rekkenet Geart Tigchelaar (1987) ôf mei it ferline, mar sjocht ek foarút.… Lês fierder

Teleks: Oersetprojekt ‘Firalen’

logo.ensafh

 
Achtergrûn

Yn de oersettersgroep fan It Skriuwersboun, – dy’t yn it libben roppen is om mear Fryske oersetters oan it wurk te krijen, no en foar de takomst – is it plan oppakt om in Noard-Amerikaanske jeugdsearje fan it sjenre Young Adult Fiction oer te setten fan it Ingelsk yn it Frysk.

Ynset is om:
1. Jongeren fia in moderne en populêre searje mear ta it lêzen yn it Frysk te ferlieden. Dêrom is keazen foar in aktuele skriuwster en it sjenre fan in Fantasy Thriller (Sequal). Benammen om it oanbod oan flotte jongereinboeken yn it Frysk te fergrutsjen, ek nei de basisskoalleleeftyd.… Lês fierder

Teleks DBNL: Meer artikelen van tijdschriften Trotwaer en De Tsjerne online toegankelijk

logo.ensafh

Meer artikelen van tijdschriften Trotwaer en De Tsjerne online toegankelijk

Vanaf vandaag zijn van de Friese tijdschriften Trotwaer (1969-2002) en De Tsjerne (1946-1968) zo’n 900 artikelen voor het eerst toegankelijk op de DBNL-website. De komende maanden zal dat aantal nog verder toenemen.

Sinds 2008 brengt DBNL op grote schaal tijdschriften online op het gebied van de Nederlandse taal, literatuur en cultuur, zowel afgesloten als nog lopende periodieken. Enkele duizenden jaargangen zijn inmiddels beschikbaar, naast ruim duizend jaargangen waarvan alleen een scan te raadplegen is.

Om zo veel mogelijk artikelen waarop rechten rusten digitaal te kunnen tonen, worden rechthebbenden individueel benaderd om hiervoor toestemming te geven.… Lês fierder

Teleks: Oprop Fryske spreukekalinder Gysbert Japicxhûs

logo.ensafh

Achte skriuwers,

It Gysbert Japicxhûs stalt al jierren de Fryske spreukekalinder gear. It is foar ús alle jierren in hiel karwei om de kalinder wer te kompletearjen. De kalinder wurdt útjûn troch Uitgeverij van de Berg út Almere. Wy wolle graach oar/nij materiaal. It meie /kinne wol fersen wêze dy’t al earder publisearre binne.
Spitigernôch hat it Gysbert Japicxhûs gjin budzjet, dêrom kinne wy gjin fergoeding jaan foar de fersen. Fansels jout it jimme nammebekendheid. De kalinder is yn hiel Nederlân te keap. De dichter fan wa’t in fers(en) yn ‘e kalinder printe wurdt, kriget as tank in kalinder fan ús tastjoerd en kin boppedat mei koarting meardere kalinders oanskaffe yn it Gysbert Japicxhûs.… Lês fierder

Aginda 27-05-16: Fremibu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

FreMiBu foar skriuwers en dichters

Guon fan ús – en wa wit sels wol in protte – hawwe der wolris ferlet fan ien of mear kollega’s te treffen yn in tige ynformele sfear.
Dêr is al in skoft de gelegenheid ta !
Nammentlik: FreedteMiddeiBuorrel foar skriuwers en dichters.

De earste kear wie ein oktober 2015, dêrnei oan de ein fan elke moanne.
Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De achtste FreMiBu is op freed 27 maaie yn Grand Café Wouters, foar it NS stasjon yn Ljouwert oer.… Lês fierder