Teleks: Herzberg hekelt opening door koning om link met dictator Videla

logo.ensafh

Dichteres en toneelschrijfster Judith Herzberg heeft zich in augustus teruggetrokken uit het comité van aanbeveling van het Verzetsmuseum, nadat koning Willem-Alexander de tentoonstelling Geen nummers maar namen had geopend over politieke gevangenen in concentratiekamp Dachau. Dat blijkt uit een brief die Herzberg naar Hans Blom, bestuursvoorzitter van het museum, heeft gestuurd.

Lês fierder by de NRCLês fierder

Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Desimber 2015

logo.ensafh

Dizze rubryk sil him tenei beheine ta Frysk-literêre publikaasjes en sekundêre boeken oer Frysk-literêre ûnderwerpen. Oersettingen yn it Frysk en publikaasjes yn in streektaal komme fansels ek oan bar.

Op- as oanmerkingen en oanfollingen kinne jo kwyt troch te reagearjen ûnderoan dizze side.

 

Poëzij

 

Sytse Jansma
‘as nomaden yn tinten teplak – als nomaden in tenten terecht’
Afûk, Ljouwert, 2015
ISBN 9789492176004
Ferkeappriis € 17,50

Sytse Jansma (1980) is dichter, filmmakker en dosint. Yn 2008 debutearre hy mei de bondel ‘wa’t tate seit moat ek whisky sizze’. Yn ‘as nomaden yn tinten teplak – als nomaden in tenten terecht’ ferkent Jansma de grins tusken it libben sels en de poëzij.… Lês fierder

Teleks: Kadoboek Swalk 2016 wurdt brieveboek

logo.ensafh

It Kadoboek dat by Swalk, Frysk op toernee 2016 ferskynt, is in brieveboek en wurdt skreaun troch twa auteurs: Marga Claus en Aggie van der Meer. It tema fan Swalk wurdt ‘Brieven’ om te ûnderstreekjen hoe spesjaal it is om in brief te skriuwen, of te krijen. Beide skriuwsters hawwe inoar in jier lang brieven skreaun, nei’t sy beide harren partners, mei fiif wiken tuskentiid, ferlern hiene.

Lês fierder by SwalkLês fierder

Teleks: Nij haad kommunikaasje Kulturele Haadstêd hoecht gjin Frysk te behearskjen

logo.ensafh

It nijs kommunikaasjehaad moat foar syn wurk syn talen prate kinne, sa stiet yn ‘e personielsadvertinsje dy’t juster publisearre is. Alteast, hy of hja moat neffens de tekst “vloeiend in Nederlands en Engels (in woord en geschrift)” wêze en “bij voorkeur tevens een redelijke beheersing van een derde taal” hawwe. It Frysk wurdt net as funksje-eask neamd. It wurdt sels hielendal net neamd.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Popke Popma skriuwt nije plysjeroman

logo.ensafh

Nei it suksesfolle debút Smelle spoaren is by de Afûk no de twadde plysjeroman fan Popke Popma ferskynd: Skerp ark.

1944
Hy hat wolris heard dat ferrieders harren by ondergrondsen yn wrotte en dan foar in knappe beleanning de Dútsers op ‘e hichte bringe. ‘Ik bin net fan plan it tsjin de moffen yn ‘e kant te setten. Ik ha ek noch in frou en in jonge.’

Lês fierder by Zuid FrieslandLês fierder

Teleks: ‘Provinsje moat skriuwfeardigens yn memmetaal fuortsterkje’

logo.ensafh

De beheinde skriuwfeardigens yn de eigen taal is foar Friezen de grutste drompel om it Frysk net, of minder faak, te brûken op sosjale media. Dat konkludearret Lysbeth Jongbloed fan de Fryske Akademy yn har ûndersyk nei de taalkar fan Friezen op sosjale media. Jongbloed presintearre har ûndersyk op tongersdei 3 desimber oan deputearre Sietske Poepjes.

Lês fierder by EBLTEBLTLês fierder