Aginda 18-12-14: Midsieuske manuskripten op de merk

logo.ensafh

18-12 Midsieuske manuskripten op de merk

Lunsjlêzing troch dr. Erik Kwakkel, ûndersiker oan de Universiteit fan Leiden.

Dat men yn de Midsieuwen boeken lies sil nimmen nij dwaan. Dat dy boeken hiel faak net yn kleasters makke waarden is lykwols minder algemien bekend. Fan de trettjinde ieu ôf bestie der in goed organisearre handel yn boeken, wêrby’t manuskripten tsjin winst skreaun, fersierd en ferkocht waarden. Wylst de kleasters stadichoan bûtenspul kamen te stean, sjogge wy yn dizze wrâld fan winst en konkurrinsje de kontoeren fan ús moderne boekebranche opdûken. Opfallend is bygelyks de ferbreding fan it oanbod. Sa koene der goedkeape en djoere ferzjes fan in boek besteld wurde, waard papier yntrodusearre as oanfolling fan perkamint, en presintearren kopiïsten nije lettertypen.… Lês fierder

Teleks: Brede stipe foar Taalweb Frysk en oanpaste stavering

logo.ensafh

Yn Provinsjale Steaten is in soad stipe foar it plan fan de Fryske Akademy foar Taalweb Frysk: in nije Fryske online wurdlist mei staveringshifker en online wurdboek. Neffens de measte partijen hat it ûnderwiis dêr in soad ferlet fan. Ek binne der yn Fryslân in soad minsken dy’t wol wat stipe brûke kinne by it skriuwen fan it Frysk.

De nije wurdlist moat lykwols net sjoen wurde as in ferplichte standerd, mar as in foarkarswurdlist. Der bliuwt romte foar regionale farianten lykas Wâldfrysk en Súdwesthoeks. De list giet begjin 2015 online.

De ôfrûne tiid wie der in soad diskusje oer it oanpassen fan de stavering, mar de Steateleden fûnen dat gjin beswier.… Lês fierder

Aginda 28-03-15: Sirkwy Sympoasium ‘Fryslân en de wrâld 2.0 Jonge Friezen mei kulturele ambysje’

logo.ensafh

Fryslân en de wrâld 2.0
Jonge Friezen mei kulturele ambysje

It biedwurd ‘Fryslân en de Wrâld’ is hast in ieu âld. Yn dat biedwurd lizzen allerhanne idealen besletten dy’t de jonge generaasje fan 1915 neistribbe: it Frysk de algemiene kultuertaal yn Fryslân, Fryske literatuer in selsstannige literatuer, kulturele ferheffing fan it folk, wrâldliteratuer oerbringe yn it Frysk, de blik rjochtsje op Ingelân en Skandinaavje en net op Hollân – en mear.
Yn novimber 1915 rjochte de jonge Douwe Kalma (berne yn 1896) mei in oantal meistanners de Jongfryske Mienskip op om har idealen stal te jaan. De bloeitiid fan de Mienskip as organisearre klub duorre net sa lang, mar it losmakke élan late ta wat algemien de ‘Jongfryske beweging’ neamd wurdt.… Lês fierder