Teleks: sutelaksje Boekekrante foar Fryske boek

logo.ensafh

De stifting Tsjil lit freed in boekekrante drukke dy’t op 225-tûzen adressen yn Fryslân besoarge wurdt. It is ien fan de aksjes fan de stifting om mear Fryske boeken te ferkeapjen. Ferline jier is in pilot dien troch by de doarren del boeken te ferkeapjen; it suteljen. Dat wie in grut súkses. Dit jier krijt it in ferfolch. Dat kin troch de finansjele stipe fan goed 25-tûzen euro fan de provinsje. Ek wurdt yn seker tsien doarpen opnij sutele en yn septimber wurdt yn Drachten in Fryske boeketrijedaachse hâlden.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – july 2014

logo.ensafh

Poëzij bliuwt in nijsgjirrich fenomeen. It alderearste kolleezje dêr’t myn stúdzje Ingelsk mei begûn wie ‘Academic Reading’, in fak dêr’t de grutten út de Ingelske literêre skiednis – Shakespeare, William Blake, T.S. Eliot – oan close reading ûnderwurpen wurden en wy as iverige studinten rigel foar rigel, wurd foar wurd op ’e siik gongen nei wat de dichter no krekt bedoeld hie, of bedoeld kind ha soe, of ûnbewust yn it gedicht stoppe hie. Wapene mei metafoaren, rymskema’s en leitmotiven gongen wy de gedichten te liif yn de ynterpretative striid.
Yn in folgjende stúdzje folge ik it kolleezje ‘Literaire Tekstinterpretatie’, itselde fak mar dan yn it Nederlânsk en mei Nederlânske dichters.… Lês fierder

Teleks: Frysk op GoogleTranslate

logo.ensafh

Leksikograaf Anne Dykstra fan de Fryske Akademy hat kontakt mei Google om it Frysk op GoogleTranslate te krijen. Elkenien dy’t knap Frysk skriuwe kin, kin dêrby helpe troch nei translate.google.com/community te gean en dêr Ingelske wurden en sinnen oer te setten yn geef en gongber Frysk.

Mei geef en gongber wurdt hjir bedoeld it Frysk sa’t wy dat gewoanwei yn kranten, tydskriften, boeken en websiden as dy fan It Nijs, Ensafh en De Moanne tsjinkomme, want teksten út dat soarte fan boarnen sille mooglik it faakst oersetten wurde op GoogleTranslate. Mar it is net nedich om by elk wurd nei te tinken oft it no wol geef en gongber is of net.… Lês fierder

Aginda 05-08-14: Lêze foar de Freule

logo.ensafh

Op dinsdag 5 augustus, de avond voor de Freule-jongenskaatspartij, zal in de passantenhaven van Wommels voor de tiende keer een verteller ‘lêze foar de Freule’.

Na onder andere Hylke Speerstra, Ids Willemsma, Romke Toering, Jan Arendz en Marijke Geertsma, Rients Gratama en Freark Smink is het podium deze keer voor Ale S. van Zandbergen. Deze slagerszoon uit Easterlittens, die in Leeuwarden woont en in Sneek wiskunde doceert aan de scholengemeenschap Magister Alvinus, heeft met ‘Littenser merke’ een schitterende roman geschreven, die eerder dit jaar met liefst twee literaire prijzen is bekroond, de Rink van der Veldeprijs en de D.A. Tammingaprijs.

Hij heeft hieruit een paar bijzondere fragmenten te pas gemaakt voor de Freulelezing.… Lês fierder

Teleks: Bücherschau des Tages

logo.ensafh

Die taz lernt mit dem Band “Dinge drucken”, die Hochleistungen der 3D-Drucker zu schätzen und den billigen Kunststoffkram zu verachten. Die SZ liest Christoph Poschmanns Roman über den Ersten Weltkrieg “Das Sandkorn”. Die FAZ hört gebannt zu, wenn Dieter Wellershoff über das Altern und Sterben erzählt. Sehr empfehlen kann sie auch die Hörbuch-Produktionen zu Jennifer Egans “Black Box” und Franz Hessels “Spazieren in Berlin”.

Lês fierder by PerlentaucherLês fierder

Teleks: 40e Fryske Bûsboekje leit yn ’e winkels

logo.ensafh

It Fryske Bûsboekje 2015 is de fjirtichste útjefte fan wat yn 1975 begûn. Sûnt doe hawwe frijwilligers alle jierren der foar soarge dat Friezen (en net-Friezen) yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne. De earste edysje fan it Bûsboekje is dy fan 1976.

Der is yn de rin fan de jierren al in soad feroare. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip de útjouwer, tsjinwurdich is dat de Ried fan ‘e Fryske Beweging. En dan hat it fjirtichste Bûsboekje in primeur: de wike begjint no op moandei en net langer op snein. Dit nei lange diskusjes yn’e redaksje.… Lês fierder