Cornelis van der Wal

D.A. Tammingapriis foar Ale S. van Zandbergen

logo.ensafh

Ale S. van Zandbergen hat de nije priis foar Fryske debuten, de D.A. Tammingapriis krigen. Stifting FLMD hat it inisjatyf naam foar dizze priis, dy’t yn plak komt fan de ferlern giene Fedde Schurerpriis. De sjuery, ûnder lieding fan Simon Oosting, wie tige te sprekken oer de oare twa nominearren, te witten Klaas Rusticus mei syn De brimstige ingel, en Sipke de Schiffart mei de ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen. Van Zandbergen syn roman Littenser merke kypte der neffens de sjuery lykwols út.

foto (73)

Foarsitter fan de sjuery Simon Oosting
foto (75) De symboalyske sjek fan € 3000,- is foar Ale S.

Lês fierder

Ut it bestjoer fan It Skriuwersboun

logo.ensafh

Op 14 maaie 2014 hat it bestjoer fan it Skriuwerboun yn nije gearstalling by inoar wêst. De funksjes binne yn goed oerlis ferdield en de rinnende saken binne besprutsen. Ynkoarten krije de leden ynformaasje oer de Skriuwerskalinder 2015. Ek sille wy neier oerlis ha oer KH2018 en dêroer berjochtsje. As It Boun meidwaan wol, sil dat yn ’e mande wêze mei Tresoar en dan moat der foar 1 augustus in plan lizze.

Us nije bestjoerslid Tryntsje van der Steege krige in algemiene funksje en sil de kommende tiid it aksint op de kommunikaasje lizze. Anne Tjerk Popkema hâldt syn algemiene funksje.… Lês fierder

100 Portretten – eksposysje by Tresoar

logo.ensafh

Yn Tresoar, yn de Gysbert Japicxseal, hingje in soad skriuwersportretten fan de winners fan de twajierlikse Fryske literatuerpriis, Gysbert Japicxpriis; dy binne fan de hân fan de ferskate Fryske skilders.

In wiere ûntdekking binne de portretten út de kolleksje fan Tresoar dy’t yn it depot bewarre wurde fan bekend skriuwers lykas Abe Brouwer, Rink van der Velde, Hein Faber en in protte oaren.
In grut tal wurken binne fan de hân fan de bekende Fryske keunstner Sjoerd de Vries.

Anita van Os fan Galerie de Roos van Tudor hat de wurken út it depot helle en een brede eksposysje gearstald yn kombinaasje mei de samling fan har galery.… Lês fierder

K-onTOER In Kulturele Manifestaasje

logo.ensafh

Op 13 septimber 2014 set K-onTOER út ein: in nij konsept dat op reis giet troch Fryslân.
K-onTOER bringt de kontoeren fan Keunst yn kaart en docht dat foar jong en âld. Twa kear yn it jier giet K-onTOER nei in doarp ta. Yn ‘e mande mei kulturele kommisjes, de doarpsmienskip en oare partijen út de omkriten wurdt in kulturele manifestaasje opset.
It brede programma fan K-onTOER komt op in fergees tagonglik plak yn it doarp. Foar de bern binne der spesjale dingen as workshops, toaniel, spultsjes en in lesbrief foar de skoallen. Foar kulturele fynpriuwers binne der cross-overs: poëzij, proaza, muzyk, film en teater fine inoar op it poadium en litte sa sjen hoe’t se tegearre hearre en derút sjogge.… Lês fierder

Gouden Talenknobbel

logo.ensafh

Wie wint de Van Dale Gouden Talenknobbel 2014?

Heb je iets met meertaligheid? Spreek je meer dan één taal, of zou je graag een andere taal willen leren? Misschien ken je wel iemand die meer dan één taal spreekt en vind je dat soms lastig. Of lijkt dat je juist heel handig of interessant? Leer je al andere talen op school of leer je ook veel van muziek en films?

Schrijf je persoonlijke verhaal over meertaligheid in maximaal 1.000 woorden op en maak kans op de Van Dale Gouden Talenknobbel 2014. Je tekst mag allerlei vormen hebben: blog, liedje, gedicht, brief, rap, scenario, recept, droom: alles mag!… Lês fierder

Bibliotheek treft noodmaatregelen – Verwijt richting gemeente

logo.ensafh

De eerdere toezeggingen door het College van B&W van de gemeente Leeuwarden om incidentele en onvoorziene tekorten van haar bibliotheken in 2014 en 2015 aan te vullen, worden slechts voor een klein deel nagekomen. De tegemoetkoming zou gelden tot ingang van nieuw bibliotheekbeleid op 1 januari 2016. Het daadwerkelijk toegekende bedrag is dusdanig laag en is zo laat bekend gemaakt, dat de bibliotheek met onmiddellijke ingang maatregelen moet treffen die grote gevolgen hebben voor de dienstverlening.

Lês fierder by LiwwaddersLês fierder

25-5-14 Utrikking D.A. Tamminga Priis

logo.ensafh

Foar Fryslân en de Fryske taal is in libbene literatuer fan grut belang. In debutantepriis, dy’t publisiteit generearret en minsken stimulearret dy’t skriuwe en skriuwe wolle, kin net mist wurde. Stifting FLMD fynt dat it lykwols net sûnder sa ‘n priis kin, en hat dêrom it inisjatyf naam foar in nije debutantepriis, de D.A. Tamminga Priis. Dy priis sil jierlikse útrikt wurde, om bar foar proaza en poëzij.
De earste útrikking, dy’t op 25 maaie plakfine sil, krijt in feestlik en bysûnder karakter. It barren fynt plak yn en by boekhannel Van der Velde op’e Nijstêd yn Ljouwert, tusken likernôch 13.45 en 15.45 oere.… Lês fierder