Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – april 2014

logo.ensafh

 

Poëzij

Tomke Dragt
25 Frisse Fryske Ferskes

Walraven de Granje, Grijpskerk 2014
ISBN 97890 8216 0918
Ferkeappriis € 12,45

tomkedragt

 

Under it pseudonym fan Tomke Dragt, mei in knypeachje nei sawol de namme fan de ferneamde berneboekeskriuwster Tonke Dragt as nei syn eigen lingte, publisearret Ihno Dragt, de direkteur-konservator fan de Stichting Musea Noardeast Fryslân in earste dichtbondel.

De titel is: 25 Frisse Fryske Ferskes: sa mar út myn Hollânske pinne drippele.
Dy ferriedt fuortdaliks al dat de skriuwer fan hûs út gjin Fries is. En dat jout, sa as in op dat mêd betûften-ien it útdrukte, somtiden net gebrûklike wurdkeppelingen op, dy’t in “native speaker” net gau betinkt.… Lês fierder

12-05-14 presintaasje ‘Dach leave pake Durk’

logo.ensafh

Nij Tomke boekje
De Stifting Humanistyske Utfeartbegelieding yn Fryslân hat tegearre mei útjouwerij Afûk in Tomkeboekje makke mei as tema: it ferstjerren fan pake. De titel is Dach leave pake Durk.
Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprojekt yn it Frysk foar pjutten.

Ferhaal
Yn it ferhaal Dach leave pake Durk wurdt de pake fan Tomke siik. Uteinlik ferstjert hy.
Tomke makket in útfeart yn in krematoarium mei. Yn it boekje wurdt ferteld oer de lêste reis fan pake nei it krematoarium, de plechtichheid, it fuortglydzjen fan de kiste en it kofjedrinken mei foar de bern in gleske frisdrinken nei ôfrin.

Presintaasje
Op moandeitejûn 12 maaie 2014 presintearret de Stichting Humanistische Uitvaartbegeleiding yn Fryslân it nije boekje yn it Yarden Krematoarium yn Goutum.… Lês fierder

Lezen voor de Lijst útwreide mei Fryske romans

logo.ensafh

Mei yngong fan tongersdei 8 maaie steane op de website Lezen voor de lijst no ek 32 Frysktalige romans. Dan wurdt de nije oanwinst presintearre op in leararebyienkomst op NHL Hegeskoalle yn Ljouwert. De list is gearstald troch in ûntwikkelgroep fan leararen Frysk en literatuerkenners. De projektlieding wie yn hannen fan de learare-oplieding Frysk fan NHL Hegeskoalle en Tresoar.

Lezen voor de lijst is ûntwikkele oan de learare-oplieding fan de RU yn Grins. Op de site steane Nederlânske en Dútske romans, yndield neffens lêsnivo. De website helpt learlingen by har kar fan boeken foar de lêslist yn it fuortset ûnderwiis. It mei doel en sin ferbetterjen fan de lêskompetinsje en it bewarjen fan nocht oan lêzen steane foarop.… Lês fierder

Nijste Kreuze staait online

logo.ensafh

Der is weer n nije oetgoave van t opdroadse tiedschrift Kreuze. d’Webstee het diskeer 28 bladzieden mit verhoalen, gedichten, nijs en aander schrieverij in de Grunneger toal.

De biedroagen binnen van Jan Huttinga, Jan de Jong, Roel Sanders, Joop Klompien, Bert Wijnholds, Jan Nomden, Cor Uildriks, Willy Westerdijk, Be Kuipers, Anna de Vries-Maarhuis, Nane v/d Molen, Free Westerhoff, Jan Sleumer, Jil Widenga, Klaas van Zonneveld en Henk de Weerd.

Joargang 9, nummer 48 van Kreuze is vanòf nou te lezen op www.kreuzekeuze.nl. Vernuver joe dermit.

Boarne: webloug.nlLês fierder

Skripsjepriis Fryske Akademy

logo.ensafh

De Fryske Akademy rikt fan it jier wer de skripsjepriis (in soad eare en prizejild fan €1000) út oan de bêste masterskripsje mei in ûnderwerp op it mêd fan de Fryske taal en kultuer, dat wol sizze, taal- of letterkunde, skiednis of sosjale wittenskippen. De skripsjepriis is ynsteld by it 50-jierrich bestean fan de Fryske Akademy yn 1988, mei it doel en trún studinten oan om har ôfstudearûndersyk op Fryslân te rjochtsjen.

Betingsten:
De skripsje moat skreaun wêze (en goedkard wêze troch de oplieding) nei 1 oktober 2010 en fóár 1 juny 2014. De taal fan de skripsje is by foarkar Frysk, mar mei ek Ingelsk, Nederlânsk of Dútsk wêze.… Lês fierder