Nije útjouwerij Regaad komt mei earste boek

logo.ensafh

De nagelnije Grinzer/Fryske útjouwerij Regaad komt op freed 28 maart mei har earste publikaasje: De skacht en de slinger, in yllustrearre Fryske oersetting fan in novelle fan Edgar Allan Poe. De oersetting is makke troch Anne Tjerk Popkema, dy’t yn 2012 de Fryske provinsjale oersetpriis krige foar syn oersetting fan Tolkiens The Hobbit. De presintaasje fan De skacht en de slinger sil wêze yn Grins, by de Fryske studinteferiening FFJ Bernlef. De boekpresintaasje is tagelyk it begjin fan de “Fryske Horrortour” fan Regaad, wêrby’t ferskate Fryske skriuwers – û.o. Willem Schoorstra en Douwe Kootstra – nije Fryske horrorferhalen foardrage sille.… Lês fierder

Suzan Bosch Wâlddichter

logo.ensafh

Suzan Bosch út Bûtenpost is de kommende twa jier Wâlddichter fan Achtkarspelen. Bosch is de opfolger fan Ate Grypstra, dy’t sûnt 2012 gemeentedichter wie. Tongersdei sleat Grypstra syn perioade ôf mei de presintaasje fan syn dichtbondel ‘As deldwarreljende jiske’, dêr’t syn 16 gedichten ynsteane dy’t er foar de gemeente skreau.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

31-05-14 Fryske skriuwdei

logo.ensafh

Sneon 31 maaie is der gelegenheid om op in leechdrompelige wize yn kontakt te kommen mei it ferskynsel literêr skriuwe yn it Frysk. Dielnimmers kinne kieze út trije deiprogramma’s, it iene is wijd oan it skriuwen fan poëzy, de proazaskriuwers kinne kieze út skriuwe foar bern of foar folwoeksenen. Moarns wurde de workshops jûn yn Tresoar (Ljouwert). Nei de lunch gean we nei it Natuurmuseum Fryslân. Sawol it gebou, eartiids it stedsweeshûs fan Ljouwert dêr’t de ‘voogdenkamer’ fan bewarre bleaun is, as de kolleksje – laadsjes en fitrinekasten fol stiennen, skulpen, opsette bisten en fan alles en noch wat op sterk wetter – foarmje in ynspiraasjeboarne foar fraaie fersen en sterke ferhalen.… Lês fierder

16-03-14 Sneeker Middach 2014

logo.ensafh

snekermiddag

 

Programma:

15:00 uur Lisa Groen
15:10 uur Geart Bos
15:15 uur Happy van der Heide
15:20 uur Ibo-Jan Bosma
15:25 uur Ridzert Postma
15:30 uur Roelie Walraven

16:15 uur Amarens de Boer
16:25 uur Jan Gommans
16:30 uur Bob Reen
16:35 uur Han Bosma
16:40 uur Marrit Jellema
16:45 uur Henk van der Veer
16:55 uur Sneker Hallelujah… Lês fierder

Sneker dialect ook op internet

logo.ensafh

Van Jos Kroon ontvingen wij een tip. Op het internet is een speciaal woordenboek Sneker dialect. Het is nog maar beperkt van omvang met een totaalscore van 97 woorden, die in zowel het Nederlands als het Snekers zijn weergegeven, maar leidt wel tot verrassende resultaten. Zoek bijvoorbeeld in de woordenlijst op http://www.mijnwoordenboek.nl/dialect/Snekers maar eens op het woord ‘gereformeerde’…………………

Boarne: GrootSneekLês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – febrewaris 2014

logo.ensafh

Nei de winter dy’t net rjocht trochset hat, doart de maitiid it oan om fêst te begjinnen. Griene bledsjes, wite snieklokjes, sjongende fûgeltsjes, se stekke foarsichtich har kopkes op en knipperje tsjin it sinneljocht. Yn de nije boeken fan ôfrûne moanne wize skriezen en staten en iepenloftspullen al foarút nei moai waar en lange dagen. De lingte fan de list docht lykwols tinken dat de de Fryske skriuwers en útjouwers har nochris omdraaie yn har wintersliep. En oars wurdt der faaks noch stind en bret op wat nijs – mar goed dat it wer aaisikerstiid is!

Poëzij

Reinier van Mourik – oerset troch Cees van Mourik
De pleats fan Politiek

mourik

Reinier van Mourik (Ferwert, 1961) is hikke en tein yn Fryslân, hat trochleard yn Grins en wennet en wurket yn Rotterdam.… Lês fierder