Kaartenbank Meertens Instituut online

logo.ensafh

De website van de Kaartenbank is in januari 2014 gelanceerd. Op de website staat een index met circa 30.000 titels van kaarten waarop taal- of cultuurverschijnselen in de Lage Landen zijn getekend. Bij ongeveer de helft van de titels kan men direct doorklikken naar een scan van de kaart; op termijn zal een dergelijke link bij alle kaarttitels worden toegevoegd. Hiermee vormt de Kaartenbank het eerste actuele overzicht van gepubliceerde en ongepubliceerde dialectkaarten en etnologische kaarten.

Lês en sjoch fierder by it Meertens Instituut

 … Lês fierder

12-04-14 Alde meuk?

logo.ensafh

Fryske literatuer jout gauris oanlieding ta stikjes yn de krante en heftige polemiken op de sosjale media. Tink mar oan de opskuor oer de 10 útkeazen Fryske titels foar de Frankfurter Buchmesse yn 2013. Guon hienen it oer ‘âlde meuk’, omdat dêr ek wurk fan deade skriuwers by siet…

Sirkwy-2014-Aldemeuk_web-fcFoar de organisaasje fan it Sirkwy Sympoasium wie dat oanlieding om wat te dwaan mei it tema klassikers yn de literatuer. Trije skriuwers ha opdracht krigen in stik te skriuwen oer de betsjutting en de wearde fan dy klassikers, elk mei in spesifike fraachstelling. Dat giet net allinnich oer boeken; ek sosjale en maatskiplike aspekten komme op it aljemint.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – jannewaris 2014

logo.ensafh

Hoe liket it mei de goeie foarnimmens? Minder smoke en drinke, of krekt mear? Faker sporte, leaver wêze, net sa faak mear ‘krisis’ sizze, mear blommen yn ’e hûs helje, net sa fûterje op polityk en plysje? Wat jim foarnimmens ek wiene, de kâns is grut dat se fergetten binne no’t it febrewaris is. Dêrom stel ik út dat we elke moanne oare goeie foarnimmens betinke – dat hâldt de moed deryn, de motivaasje heech, en it soarget foar wat ôfwikseling!
It ienige goeie goeie foarnimmen is fansels; mear lêze! Dat slagget grif mei de nije Fryske boeken fan de ôfrûne tiid, en oars mei de âlden dy’t tsjintwurdich by de Digitale Bibliotheek der Nederlandse Letteren online te lêzen binne.… Lês fierder

Berjochten fan it Skriuwersboun

logo.ensafh

Koart ferslach Nijjiersgearkomste Skriuwersboun 17-1-2014 kafee Wouters

Oanwêzich: 20 persoanen
Tryntsje van der Veer iepenet as ferfangend foarsitter de gearkomste
Nijjierstaspraak Tryntsje van der Veer: Fan it Boun en de dingen…?

Lês hjir fierder

Koart ferslach bestjoersgearkomste Skriuwersboun 30.1.2014

  • Tryntsje van der Veer ferfangt foarsitter Hein Jaap Hilarides oant de jiergearkomste
  • Weromblik op Nijjiergearsit 17/1: in goede gearkomste, moaie opkomst, prima sfear
  • Der wurde 3 of 4 kandidaten socht foar it bestjoer.

Lês hjir fierder

Aginda

21 maart 16.00 oere – Priisútrikking ferhalewedstriid yn gearwurking mei it Frysk Deiblêd yn Theater Meerzigt yn Eastermar
11 april, 20.00 oere by Wouters: jiergearkomste Skriuwersboun
31 maaie Skriuwdei… Lês fierder