Yn de Nationale Voorleesdagen 2014 stelt Audiofrysk twa jeugdsearjes fergees beskikber as harkboek.
Alle bern dy’t Frysk fersteane, kinne sa gratis yn de kunde komme mei de spannende aventoeren fan Mentha Minnema en de bern, dy’t har dêrby helpe.
Ek de seis boeken fan De Traveliers, in moderne searje dy’t yn Australië, Yslân, Amearika, Finlân, Skotlân of de Karaïben spilet.
De lústerboeken kinne by Luisterrijk fergees delladen wurde yn de wike fan 22 o/m 31 jannewaris.
Kom ek yn de kunde mei it fenomeen harkboek en lit jo (bern) foarlêze. De lústerboeken binne prima ôf te harkjen op in iPad of oare tablet, op in mp3-spiler of mobile telefoan.… Lês fierder