Nije stien by poëzijrûte

logo.ensafh

De poëzijrûte yn Ljouwert is útwreide mei in 41ste stien. Dy leit by de yngong fan it nije Fries Museum oan it Wilhelminaplein. Op de stien stiet in gedicht fan de Fryske dichter Tsead Bruinja mei de titel ‘It sizze oant it net mear jildt’. Bruinja droech it gedicht op 13 septimber foar by de offisjele iepening fan it museum troch Keninginne Máxima. De stien is troch de gemeente Ljouwert oanbean oan de stifting achter de rûte.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Fryske Staveringshifker-plug-in foar Microsoft Office Word 2010/2013

logo.ensafh

By de Fryske Akademy (FA) wurdt wurke oan in nije staveringshifker, dy’t basearre wêze sil op de Wurdlist Frysk, dy’t op dit stuit ek by de FA gearstald wurdt.

De tydlike staveringshifker dy’t hjir oanbean wurdt is bedoeld foar brûkers fan Word 2010 en Word 2013. Yn de nije ferzje, dy’t der meikoarten beskikber komt, kinne jo ek sels wurden tafoegje.

Foar dizze ferzje is de wurdlist brûkt fan de eardere staveringshifker. It ûntwikkelmodel fan de nije staveringshifker is brûkt. Dat wol sizze dat de brûker by in beheind tal wurden in oanwizing krije kin dat foar in beskaat wurd in foarm bestiet dy’t tichter by de standert leit sa’t dy hjoed de dei yn gebrûk is.… Lês fierder

ANCOPRIIS 2011

logo.ensafh

ANCOPRIIS 2011 WURDT ÚTRIKT OP 4 OKTOBER TIDENS IT ENSAFHEEST

Op freed 4 oktober oansteande wurdt tidens it ensafheest II de AnCopriis 2011 útrikt oan Jacobus Q. Smink. Better let as net.

De AnCopriis is in ûnregelmjittich takend earbewiis oan in Fryske kulturele gigant. Eardere priiswinners wiene ûnder oare: Chrétien Breukers en Pieter de Groot. De sjueryleden binne Anne Feddema en Cornelis van der Wal

De priis bestiet út in glês bier (as fris), in gehakbal (as tosty), in gedicht fan Cornelis van der Wal en in skilderij fan Anne Feddema.

Wy hoopje dat jo dit plechtich barren meimeitsje wolle.

ensafheest2013Lês fierder

‘Rêdbâd’ fan Willem Schoorstra earste Boek fan de Moanne

logo.ensafh

Op sneon 5 oktober 2013 wurdt de aksje Boek fan de Moanne feestlik iepene. It earste Fryske boek dat in moanne lang mei koarting yn de boekhannels leit is Rêdbâd, kronyk fan in kening, de suksesfolle histoaryske roman fan Willem Schoorstra. Om 13.00 oere sil Schoorstra troch de Rêdbâdtrailer fan Feenstra Transport út Damwâld, begelaat troch muzyk fan Baldrs Draumar, de offisjele iepening fan it Boek fan de Moanne ferrjochtsje by boekhannel Schaaf yn Dokkum (Grote Breedstrjitte 2). Dêrnei geane de manlju nei Boekhannel Bergsma yn Dokkum en dan rydt de trailer mei de skriuwer en bandleden troch de provinsje nei Ljouwert wêr om likernôch 14.30 oere in stop makke wurdt by de AFUKboekhannel op de Bûterhoeke yn Ljouwert.… Lês fierder

Jan Ritskes bondel Finneblomkes (1907) digitaal!

logo.ensafh

Jan Ritskes gedichten blijken een kostbaar bezit. Althans voor emigranten van weleer die met hebben en houwen vertrokken naar de Verenigde Staten van Amerika. Nou ja, hebben en houwen – alleen dat wat mee kon en wat van belang was werd ingepakt. De reis duurde vele weken op het schip en eenmaal aan wal volgde nog een tamelijk vermoeiend traject door de loketten van Ellis Island, middels de spoorwegen of op andere gelegenheid naar de plaats van bestemming. Michigan bijvoorbeeld. Het exacte hoe en het wat zullen we wel nooit te weten komen, maar dit exemplaar reisde de halve wereld rond en belandde in de universiteitsbibliotheek.… Lês fierder

25-10-13 Dei fan de Fryske taalkunde

logo.ensafh

De sechste Dei fan de Fryske taalkunde sil, lykas de foarige kearen, wer in ynformeel karakter hawwe. De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde, folle net genôch. Yn de lêzing kin oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre wurde, mar presentaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. Lêzingen meie holden wurde yn alle talen dy’t hearre ta de West-Germaanske taalfamylje.

Wannear: freed 25 oktober 2013 (kolleezjefrije wike)
Wêr: Fryske Akademy, It Aljemint, Doelestrjitte 2-4, Ljouwert

Foar elke lêzing stiet in healoere (20 minuten foar lêzing, 10 minuten foar fragen).… Lês fierder

Willem Schoorstra, Josse de Haan

Flater op flater: 10 books from Friesland

logo.ensafh

It begjint al mei de titel fan it projekt: ‘10 books from Friesland’. De offisjele namme fan de provinsje is Fryslân. Mar kin men oars ferwachtsje fan in organisaasje dy’t it yn de Nederlânske fariant oer ‘10 books from Holland’ hat? Soks is tekenjend foar de blykbere sleauwens en maklikens dêr’t it Buchmesse-projekt mei útfierd wurden is.

Ut dy reden hat it oars sa sympatike inisjatyf fan de provinsje Fryslân net de glâns en blâns krigen dy’t it fertsjinne. Namste spitiger om’t wy foar’t neist mar ien kâns krije, en ek dêrom is it net ferwûnderlik dat it meastepart fan de Fryske skriuwers protest tsjin de gong fan saken oantekene hat.… Lês fierder