Rely Jorritsma Fûns-priisfraach
It bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns makket bekend dat de sjuery fan betinken is dat der dit jier trije ferhalen foar in priis fan it Rely Jorritsma Fûns yn oanmerking komme. De winnende ferhalen binne ‘Skrabje’ fan Baukje Zijlstra, ‘Rosarium’ fan Geert Nauta en ‘Dûnsflier fan ‘e duvel’ fan Lida Dykstra. Der is dit jier net in fers dat yn oanmerking komt foar in priis.
Nije en eardere priiswinners:
De twa earstneamde priiswinners – Baukje Zijlstra (1967) út Arnhim en Geert Nauta út Wergea – binne nij yn de rige fan Rely Jorritsma Fûns-priiswinners. Lida Dykstra (1961) út De Knipe lykwols hat wol earder Rely-prizen yn ’e wacht sleept: yn 1999, 2009 en 2011 hat hja mei in ferhaal in priis wûn.
