Op 30 maaie oansteande wurdt de nije fersebondel Op myn stjerbêd wol ik tate ha fan Anne Feddema presintearre, in útjefte fan de Afûk.
Plak fan hanneling: It Histoarysk Sintrum Ljouwert, Grienewei 1 te Ljouwert. Oanfang 16:30 oere.
Op 30 maaie oansteande wurdt de nije fersebondel Op myn stjerbêd wol ik tate ha fan Anne Feddema presintearre, in útjefte fan de Afûk.
Plak fan hanneling: It Histoarysk Sintrum Ljouwert, Grienewei 1 te Ljouwert. Oanfang 16:30 oere.
Yn 2013 ferskynde de Skriuwerskalinder yn nije foarm en der wie in soad flecht op de koai wat it ynstjoeren fan bydragen oanbelanget. Reden om dermei troch te gean ensadwaande dogge wy dan ek in oprop foar it stjoeren fan bydragen foar de kalinder fan 2014. It tema wurdt:
Folksferhalen
In tema dêr’t je wer alle kanten mei út kinne, want folksferhalen binne fan alle tiden: ferhalen fan earder: Grutte Pier, de frouwe fan Starum en Rixt fan it Oerd, mar ek fan hjoed de dei: Broadsje Aap, ynternet, fantasy. Ferhalen oer freonskip, bedroch, leafde, fertriet, bisten, ensafh.
It tema is ornearre as in hânfet.
Koartlyn is in staveringswiziging troch Provinsjale Steaten behannele. De útstelde wiziging is (ek) in stap yn it proses om ein 2013/begjin 2014 ta in saneamde Standertwurdlist fan it Frysk te kommen. Under leden fan it Skriuwersboun, mar ek dêrbûten is wjerstân tsjin de feroarings. It bestjoer fan it Skriuwersboun hat kundskip fan dy wjerstân naam en beriedt him op ‘t heden oer de stappen dy’t naam wurde kinne om op koarte termyn de leden te ynformearjen en har eigen stânpunt te bepalen. Nijs folget meikoarten.
Boarne: It Skriuwersboun
De redaksje fan it Dagblad van het Noorden wol perfoarst net ferhúzje nei Fryslân. Dit meldt RTV Noord. De redaksjes fan it Dagblad en de Ljouwerter Krante komme meikoarten byinoar op ien plak. It is it doel dat de sintrale redaksje yn Ljouwert komt. Ek Drachten is in mooglikheid.
De redaksjeried fan it Dagblad van het Noorden lit witte dat dy him ta it uterste fersette sil tsjin ferhuzing nei Fryslân. Foar de ried is Grins de iennichste opsje. Yn de rin fan de moanne wurdt dúdlik wat de ferhuzing foar de meiwurkers betsjutte sil.
Boarne: Omrop Fryslân… Lês fierder
Yn opdracht fan de Afûk yn Ljouwert is Jelle de Jong, studint Commerciële Economie oan de NHL Hogeschool, as ôfstudearopdracht úteinsetten mei in ûndersyk nei lêzen yn it Frysk.
Oant mids maaie wurde ynwenners fan Fryslân, mar ek Friezen bûten Fryslân oproppen om de online enkête yn te foljen. Dielnimmers meitsje teffens kâns op in fergees eksimplaar fan it boekje ‘Mijn vrouw is uitgenaaid’.
Om ta nije ynsjoggen te kommen is der in ûndersyk opsetten nei ûnder oaren de lêswinsken fan Friezen. De Jong wol yn it ûndersyk in sa breed mooglik publyk oanlûke.
De haaddoelgroep is ‘ynwenners fan Fryslân’, mar hy wol ek sjen oft der kânsen lizze bûten Fryslân.… Lês fierder
It Literêr Sirkwy (ûnderdiel fan It Skriuwersboun) heakket tsjinwurdich ek oan by gruttere eveneminten. Fansels is dan de âlvestêderintocht fan 2013 dêr in prachtige gelegenheid foar. Yn de wike fan de âlvestêderintocht (7 o/m 11 maaie) sil Tryntsje van der Veer besykje alle fiif ôfstannen te rinnen, mei-inoar hast 210 km. Alle leden fan It Boun kinne harren oanslute by dizze tocht. Wurdt jo dat wat tefolle, dan kinne jo ek ien dei mei Tryntsje meirinne; wat mear sielen, wat mear freugde! En oars is stipe ûnderweis yn foarm fan in tasprutsen gedicht of ferhaal tige wolkom.
De kuiertocht begjint tiisdei 7 maaie mei it trajekt Ljouwert-Sleat (49,84 km.).… Lês fierder