
Fjildferhalewedstriid yn it ramt fan it Rink van der Veldejier
Rink van der Velde wie in grutmaster op it gebiet fan it koarte ferhaal. Ferneamd binne syn kroech- en fjildferhalen en fansels syn Bokwerder stikken.
Yn it ramt fan it Rink van der Veldejier dat troch de gemeente Smellingerlân organisearre is yn 2010 wurde jo troch de gemeente útnoege om mei te dwaan oan de fjildferhalewedstriid. Skriuw in fjildferhaal dat ynspirearre is troch it wurk fan it Rink van der Velde! Hy wie in grut leafhawwer fan De Deelen en de natuergebieten fan It Fryske Gea, lykas de Alde Feanen en it wetterlân by De Feanhoop wêr’t syn arkje lei.… Lês fierder