Biltse kultuerpriis bekend

logo.ensafh

Kirsten Zwijnenburg fan Aldebiltsyl krijt dit jier de Biltse Kultuerpriis. Se is ûnder oare de motor achter in iepen atelierrûte. Se wie ek seis jier lid fan de kulturele rie fan it Bilt en hjoeddedei is se benammen aktyf yn de Aarden Plaats, it kultuerhistoarysk sintrum yn Aldebiltsyl. Se is sels keunstner en wennet sûnt 20 jier op it Bilt. De ‘Bildtse Kultuurpriis’ wurdt Kirsten Zwijnenburg nije wike tongersdei útrikt.… Lês fierder

Nij boek oer Anne Wadman (1919-1997)

logo.ensafh

wadman

Hoe is het om een beroemde schrijver te zijn in een minderheidtaal? Het leven van Anne Wadman (1919-1997) biedt een antwoord op die vraag. Hij was een sleutelfiguur in een van de belangrijkste bloeiperiodes van de Friese literatuur, de jaren 1945-1963.

In dit dissertatieonderzoek van Joke Corporaal staat het schrijverschap centraal van een van de belangrijkste naoorlogse Friese schrijvers, Anne Wadman (1919-1997). Wadman wordt gevolgd vanaf 1935, het jaar waarin hij als vijftienjarige kennismaakt met de Friese beweging, tot 1963, het jaar waarin hij besluit dat hij liever geen schrijver is dan een schrijver die alleen in de Friese wereld iets voorstelt.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

Grap fan Quatrebras: reaksje op ‘The high poetical diction cathedral’

logo.ensafh

Grap fan Quatrebras

(Dit is in reaksje op de reaksje ‘The high poetical diction cathedral’ fan Steven H. de Jong, dat ek op de rubryk Poadium te finen is; de tekst út it papieren nûmer fan ensafh dy’t it ûnderwerp is fan dizze reaksjes hat krekt as alle teksten út dat nûmer ek  op ensafh ynternet stien ûnder de rubryk Poadium; as jo in willekeurich item ûnder Poadium oanklikke kinne jo fia de oantsjutting ‘mear Poadium’ rjochts yn it skerm – sa as by dit berjocht – trochklikke nei alle oare Poadiumberjochten, ûnder it berjocht ‘wa wint de gj-priis 2009? (14) treffe jo de tekst oer Jelle de Jong syn bondel oan.)Lês fierder

Steven H.P. de Jong

The high poetical diction cathedral: reaksje op ensafh nû. 6 (Gysbert Japicx-priis- of Wobbelke-nûmer)

logo.ensafh

THE HIGH POETICAL DICTION CATHEDRAL
of
Hoe’t de ketter Jelle de Jong troch twa ortodokse dominys
ta de tsjerke útmitere waard

Prachtich, 44 Fryske dichters dy’t yn oanmerking kamen foar de Gysbert Japicx-priis! Dêr kaam it literêre tydskrift ensafh, nûmer 6, 2009 mei (de teksten yn dat papieren nûmer fan ensafh ha ek allegear op ensafh ynternet stien ûnder de rubryk Poadium; as jo in willekeurich item ûnder Poadium oanklikke kinne jo fia de oantsjutting ‘mear Poadium’ rjochts yn it skerm – sa as by dit berjocht – trochklikke nei alle oare Poadiumberjochten, ûnder it berjocht ‘wa wint de gj-priis 2009?Lês fierder

27-11-09 Dichtersjûn Harns

logo.ensafh

Op vrijdag 27 november vindt in Harlingen weer de jaarlijkse dichtersavond plaats. Deze keer staat de avond in het teken van nieuwe beweging binnen de poëzie. De dichters treden niet alleen op met papier, maar gebruiken vaak meerdere talen en maken muziek en beeld bij hun gedichten. Dat levert mooie dingen op. De poëzie krijgt er een dimensie meer van en de gedichten gaan er van bewegen. Niet alleen figuurlijk, maar soms ook letterlijk. Op deze avond is er alle ruimte voor een verfrissende mix van het oude en het nieuwe…

Op het programma staan Jacob Bosma, Ytsje Hoekstra, Matty de Vries, Sytse Jansma, Meindert Bylsma, Elmar Kuiper, Jetze de Vries en Spectacle Coupé met Ronald Jan Fokkema en Rob van Hintum. … Lês fierder

21-11-09 CD Presintaasje Nan’n Ankie

logo.ensafh

Op 21 novimber 2009 sille wij – yn Landgoed Glinstra State, Schoolstraat 83 yn Burgum – in ‘Meisjong’-konsert fersoargje, ta gelegenheid fan de presintaasje fan ús nije Fryske CD ‘Moai mei dij’.

Graach wolle wij jo/dij/jim útnoegje dêrbij oanwêzich te wêzen. It konsert begjint om ± 15.30 oere en de eintiid sil om ± 17.00 oere wêze. Bij in oantal fan de lietsjes sille wij ús gasten útnoegje om mei te sjongen. Fanôf ± 14.00 oere sille we oefenje gean mei dy minsken dy’t it aardich fine om de meisjongpartijen fan de lietsjes yn ’t foar troch te nimmen. Om 13.30 oere giet de seal iepen.… Lês fierder

De redaksje noeget jo út om in sonnet te skriuwen

logo.ensafh

De redaksje fan ensafh noeget elkenien út om it ‘byldsonnet’ fan Koos van der Sloot (sjoch rjochts yn it iepeningsskerm by de yn hâldsopjefte fan de ôflevering ensafh) om te setten yn in ‘wurdsonnet’, folslein neffens Van der Sloot syn skema, dat wol sizze hast folslein. Wat by it skriuwen fan it  sonnet net as eask steld wurdt is dat ek krekt it skema fan ûnbeklamme en beklamme wurdlidden folge wurdt sa’t dat troch Van der Sloot oanjûn is troch de aaien mei de punt nei ûnderen (gjin klam) of de punt nei boppen (klam) te pleatsen.  Boppe it gedicht stean twa aaien, dy stean fansels foar ’sonnet’, de titel, mar de titel dy’t jo oan jo gedicht jaan wolle hoecht net perfoarst út twa wurdlidden te bestean.… Lês fierder