Utjouwerij Bornmeer is hjoed úteinset mei in webloch. De earste skriuwer dy’t in bydrage leveret oan dit webloch, is eminence grise Ulke Brolsma. Hy hâldt dizze dagen in tal lêzingen, ûnder oaren yn syn berteplak Grou, en sil dêr ferslach fan dwaan.
Fan 4 maaie ôf komt Anne Feddema oan it wurd. Ein maaie ferskynt syn bondel mei Ljouwerter columns. De lêste wurksumheden oan dat boek en de tariedingen fan de presentaasje leverje foldwaande stof op foar in Ljouwerter deiboekje.
Midden maaie begjint Jetske Bilker te fertellen oer har aventoeren by Carmen (fan Bizet, fan de Nederlandse Opera) achter de kûlissen.… Lês fierder
