Greet Andringa

Pearse wyn

logo.ensafh

Sûnt in pear jier bin ik frij fanatyk dwaande út te finen wat ik allegearre kin mei wat der by ús op it hiem groeit. Myn fernaamste ynteresse is: is der wat ytbers fan te meitsjen? Fan ’e wike foel myn each op de nageltsjebeam, of miskien wie it myn noas. Guon roken freegje der ommers gewoan om om dêr yn te biten.
Wylst de driprein op it skerm fan myn mobyl foel, tsjoenden google, ecosia en pinterest rûkersguod en sjippe foar it ljocht. Myn oerlibbingsynstinkt waard no net dalik waarm fan it idee fan skûmbekjen. Fan de blomkes troch it slaad of de yoghurt waard it mar in lyts bytsje better.… Lês fierder

Greet Andringa

De heechste tiid

logo.ensafh

De klok yn de keamer fan ús pake en beppe die tik…tak…tik…tak. Krekt as yn it ferske, mar dat wist ik doe noch net. Ik hie in hekel oan it lûd. Tocht ik.
Ik siet op it bankje oan de oare kant fan de houtkachel dêr’t pake in allesbranner fan makke, sadat de keamer altyd justjes blau fan de reek stie. Op de salontafel foar my de Mecano-auto dêr’t ús heit as lytse jonge noch mei boarte hie en blokjes dêr’t ek neat oan wie. Mar goed, dat wie it boartersguod en dat wie wêr’t de bern hearden te sitten. Omdrave, oan beppe har moaie kopkes komme, of de plantsjes yn it achterhûs, dat mocht net.… Lês fierder

Greet Andringa

Keppelbist

logo.ensafh

Ik bin dizze wike allinnich thús. Man is op bûtenlânske reis, bern binne by harren heit. De âldste twa fytse dêr fia harren skoalle hinne, de jongste ha ik earjustermoarn nei it oare thús brocht. Frjemd genôch ried ik fuort mei itselde gefoel yn de mage as doe’t ik har âldste sus 16 jier lyn foar it earst by de berne-opfang achterliet. Dy wie doe lyts en kwetsber, dat is myn ‘lytse’ no yn de fierste fierte net mear. Alteast dat fynt se sels. Se is trettjin, stekt oardel kop boppe my út en is nei in koartôf ‘Doei!’ noch foar’t ik goed en wol de doar út bin alwer folslein yn beslach naam troch  har freondinnen yn de tillefoan. … Lês fierder

Greet Andringa

It Margofoarmich gat

logo.ensafh

Dizze winter hat al sân deaden foar my brocht en dan hat it Koronafirus noch net iens del west. Wol twa kear in grutte blieding ûnder it skedeldak en in útsiedde leverkanker. Ien fan de minsken hat himsels tekoart dien en de oare trije ha fan dwaan mei te folle drank: twa kear in maachblieding en ien kear in deadlik iensidich ûngemak. Miskien alletrije ek te klassifisearjen ûnder it kopke ‘jinsels tekoart dwaan’, mar dan de slowmotionferzy. De deaden fariearje yn leeftiid fan fjouwerenfjirtich oant achtentachtich. Guon stiene tichterby, guon wienen fierderfuort, guon wiene beropsmjittige kunde, guon privee en ien siet dêr tuskenyn.… Lês fierder

Greet Andringa

Nuver guod

logo.ensafh

Man, wat ha ik in pinekop! Lêste dei foar in lytse fakânsje en it liket as ha ik hielendal gjin tiid om fuort. It komt fan alle kanten: bern dy’t nei de simmer noch net hielendal teplak rûgele binne op de nije skoalle, âldelju lang net sûn, tassen heal ynpakt, justerjûn net hielendal noflik weromkommen fan in jierdeifeestje wêrtroch’t Leafste en ik beide op ús eigen eilân telâne kommen binne yn stee fan tegearre fleurich foarút te sjen nei it eilân wêr’t we hinne sille.

Opstiigjend troch te folle kofje en âldefrouljusklachten ha ik my fan ’e moarn opsluten yn it kantoar dêr’t tillefoans, klanten en kollega’s my ek al net mei rêst litte.… Lês fierder

Greet Andringa

De dûker

logo.ensafh

It is alwer trije fearnsjier lyn dat de reuzen yn Ljouwert wiene. It is foaral de dûker dy’t my bybleaun is. Net it famke, net de hûn. Ja, dy wiene fansels ek moai makke en ek by harren wie it in hiel keunstich gepiel om se yn beweging te krijen, knap al dy technyk en al dy minsken, mar dochs binne se foar my oars as de dûker.

Syn lingte is it net. Ik bin der fan oertsjûge dat as er in meter langer as koarter west hie of sels mar it formaat fan in gewoan minske hân hie, ik my krekt sa field hie tsjinoer him as no.… Lês fierder

Greet Andringa

Deade linen en sjips foar de siele

logo.ensafh

Ik ha juster in skop ûnder de kont hân. Eins wie it earder in freonlike yn-it-sin-bringer (net de earste). Noch earliker sein wie it in advys: lit wat fan dy hearre, minsken krije, drok as net drok mei oare saken, hieltyd minder begryp foar dyn stilte.

En ik baal dêr fan. Net fan de yrritaasje, want se hawwe gelyk. Ik wist al skoften dat ik op de list stie om wer ris in kollum te skriuwen. En ik wie it ek wier fan plan, ik hie sels in hurde tasizzing dien dat dy der ferline wike wêze soe. Mar ik doch it net.… Lês fierder