Besprek Aggie van der Meer In moaie dei yn ’e hjerst / Wa rêdt Cesilia Tan
Besprek Aggie van der Meer In moaie dei yn ’e hjerst / Wa rêdt Cesilia Tan
Yn it bûtenlân mei ik graach wat omsneupe yn boekhannels. De sfear en de nuânseferskillen priuwe mei winkels by ús, en op ’e strún wêze nei bliuwende sûvenirs. Doe’t ik de ôfrûne twa wiken yn Marokko wie, haw ik fansels nei boekwinkels sjoen. It rint dêr bot útien. Yn Tanger wie Librairie des Colonnes in oäse fan lústerjende Francophonie middenmank de plakkerige hektyk. Rêst, yntellektuëlens en literatuer, mar ek de boekeprizen op Europeesk nivo.
Mear typysk foar Marokko wiene de winkels dêr’t ik yn Oujda en Rabat yn west haw. In keale kantoarboekhannel mei wat skoalboeken en fral tafels fol religieuze lektuer.… Lês fierder
Eric Hoekstra (It Hearrenfean, 1960) is taalkundige, oersetter, skriuwer en dichter. Dit jier kaam syn oersetting fan de Bhagavad Gita (It liet fan God) út by útjouwerij Elikser. De Bhagavad Gita is in 2300 jier âld hillich skrift, oarspronklik skreaun yn it Sanskryt, dat in grutte rol spilet yn it Hindoeïsme. It is it bekendste diel út it grutte Yndiaaske epyske gedicht de Mahabharata, skreaun troch de wize Vyasadeva. It boek is troch Eric oerset yn it Frysk en it Nederlânsk, kombinearre yn ien boek. Eric hat Ingelsk en dêrnei algemiene taalwittenskippen studearre yn Grins. Foar it Meertens Ynstitút yn Amsterdam die er ûndersyk nei dialekten.… Lês fierder
Wylst dit foaropwurd online ferskynt, sit de einredakteur fan de digy yn Fes, de eardere haadstêd fan Marokko. Grif sjocht er út oer de midsieuske doelhôven fan de medina, nei hoe’t de stompe minaretten it lêste jûnsljocht heine.
Hoe moai’t it yn Fes ek is, it muoit my tige dat ik no net by de Obe-en-Fedde-útrikking west haw. Ik nim oan dat de skriuwersaksje tsjin it ôfskaffen fan beide provinsjale literêre prizen goed beteard is, en dat de reboelje de Provinsjale Steaten oantrune sil om by de Deputearren op dizze maatregel werom te kommen. It moat jitris sein wurde ommers, ceterum censeo etc…: it soe in grutte skande wêze as de Fedde Schurer- en Obe Postmapriis sûnder hokfoar ûnderbouwing sa-ynienen skrast waarden.… Lês fierder
Bysûndere besites
De uterlike ferskillen tusken de Tolkien-oersettings fan Anne Tjerk Popkema en Liuwe H. Westra lykje frij grut, mar mei it lêzen blykt ek al gau de oerienkomst: dat de Fryske taal bjusterbaarlik goed past by de fantasijwrâld fan Tolkien. It fernuveret hielendal net dat de hobbits Frysk prate en de lânskippen fan it Goa (the Shire) en de rest fan it lân Midierde (Middle-Earth) komme yn de Fryske beskriuwings prachtich ta libben. It Frysk is ek tige geskikt foar de droege humor fan Tolkien, mar likegoed kin it de tsjustere driging en mysterieuze saken dy’t foarfalle oangripend foarm jaan.… Lês fierder
Op freedtejûn 16 novimber 2007 waard yn ‘De Buorskip’ te Beetstersweach de cd Nachtrave fan ’e ‘Wâldrock’-groep Bricquebec presintearre. By dy gelegenheid rekke ik yn petear mei de bruorren Sido en Roelof Wagenaar, respektivelik sjonger-gitarist en drummer yn ’e band Helder. Sjonger-mûlharpist Henk Osinga fan ’e bluesformaasje Chickens Go Mad wie ek by dat petear. Op in stuit kaam de winsklikens om (in part fan) it repertoire fan ’e Ingelske boogierockband Status Quo yn it Frysk oer te bringen en dat dan op cd te setten, te praat. De Wagenaars hiene fuortdalik foar eagen hoe’t soks moatte soe: it soe in prachtich projekt foar Helder wêze en op sa’n wize dy band nij libben ynblaze kinne.… Lês fierder
De Kollumersweachster skoalmaster Koos Tiemersma hat in nij e-boek skreaun ûnder it pseudonym Froon Akker. Einum is sawol yn it Frysk as it Nederlânsk te krijen.
It boek spilet him ôf yn it lytse plakje Einum dat net folle mear is as in gehucht mei lju dy’t stik foar stik harren eigen ferhaal hawwe. Yn elk haadstik wurdt ien fan de ynwenners beljochte mei harren wjerfarren en benammen gedachtegongen, of better sein gedachtekronkels. Elk hat syn eigen aparte ferhaal, mar likegoed hingje de yndividuen oaninoar. Sa wurdt oer Casper Bosch skreaun dat er fêstrûn is yn Einum (s. 55) mar dat jildt eins foar elk, al hat de ien der mear muoite mei as de oar.… Lês fierder