Nyk de Vries (1971) hold tiisdei 27 febrewaris de lêzing ‘Raffelich realisme’ yn de biblioteek fan Snits. Dit wie de lêste lêzing yn it ramt fan de Literêre Fjouwerstêdetocht, dêr’t ek André Looijenga, Greet Andringa en Sigrid Kingma oan meidienen. Nyk is oarspronklik ôfkomstich út Noardburgum en wennet no mei syn freondinne en pasberne soantsje Rijk Fokke (17 jannewaris 2012) yn Amsterdam. Hy hat krekt in nije Nederlânsktalich bondel út: ‘De dingen gebeuren omdat ze rijmen’. Earder skreau er de roman ‘Rezineknyn’, de bondel ‘Motorman’ en de roman ‘Prospero’. Hy skriuwt proazagedichten en publisearret dy geregeld by ensafh. Nyk skriuwt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk.… Lês fierder
