Josse de Haan

Côte d’argent (2)

logo.ensafh

 

wetterspikerbêd

hjitte trillet op ’t wetterstrân en see
kerlen sân ûntflamje en wurde fjoer
de oseaan falt yn harsels werom

grutte-lytse famkes dûnsje in seeballet
fakirs op de flamjende spikerbêden
sjowe sjongend it ferline en de takomst

fata morgana’s

sinne toveret skippen yn ‘e loft
fleanmasines farrend yn de see
achter sinnebrillen stoarje minsken

wetter streamt fan wolk nei wolk
stoarm horizontaal fan súd nei noard
toarst tsjoent eagen om yn toverkikers

skroeide stilte

golfbrekkers hâlde tagelyk de siken yn
ien op de top, de oare ûnder oan de foet
stilte skroeit de wetterlongen leech en ticht

achter myn eagen mûskopje fragen-tinksels
oant it lûdfakuüm ûntheitsterjend iepen batst
gedachten op ‘e rin slaan troch it skomjend wetter

*

Rinnend lâns it 4 km lange strân fan Hendaye op de lette jûn- elke dei in oardeloere – mei útsjoch op de Atlantyske Oseaan, kamen dizze fersen/observaasjes eins fansels yn myn kop omheech; as ik wer thús wie skreau ik se op, sa likernôch tusken novimber ’15 en septimber ’16.… Lês fierder

Nadie Hania

Oarekant fan it lûd

logo.ensafh

 

Oarekant fan it lûd, soms, kleur

Kalme geast, ûnderdompele,
yn it alderwytste, en waarmste giel.

molekulen binnenyn,
fine fermoedsoening
mei de ûneinichheid.

Sulverwyt Merkuriusfocht,
skilderet myn biente
mei it sêfte ljocht.

Do bist werom.

Ryklik, waarm sâlt,
wetter hat my ynkapsele.

Sels yn dizze stoel,
yn dizze lege keamer.

Op it droege.… Lês fierder

Josse de Haan

Côte d’argent (1)

logo.ensafh

 

1

wjerljocht

wjerljocht sammelet kleur en fjoer
laserpylken sjitte út it wetter fuort
nêst ferbaarnt, eksters skatterje

hûs riist neaken op út reek en jiske
bonkerak sjoot balken, spikers, inisjalen
fêstlein yn in boek fan myte en leginde

rendez-vous-skommel

wurden rûgelje út myn holle
stuiterje op noas en tosken
skerp, skjin en parfumearre

morfemen wize twa skonken paad
glinsterje en reflektearje de nacht
oant de rendez-vous-skommel ferskynt

wite skipkes

sinne glûpt troch beammen
reindrip foar it finster filteret
kleuren giselje de oseaan

trije skipkes dobberje op it tij
fersjitte fan foarm, ferstopje har
wurde wyt yn ’t baarnend ljocht

*

Rinnend lâns it 4 km lange strân fan Hendaye op de lette jûn- elke dei in oardeloere – mei útsjoch op de Atlantyske Oseaan, kamen dizze fersen/observaasjes eins fansels yn myn kop omheech; as ik wer thús wie skreau ik se op, sa likernôch tusken novimber ’15 en septimber ’16.… Lês fierder

Joris D. Raven

Wiisdom

logo.ensafh

 

Wiisdom
(de maris sapientia)

Fregest my net hoe’t it libben
syn guozzeflecht nimme moat
mar moatst dy lokkich achtsje
mei in goed stik yn ’e rêch

Doe wie wiisdom altiten
Boëthius:
Mei de kear rjochting ûngelok
is sels de groanysk ûngelokkige
fan betinken dat er foarhinne lokkich wie

Reizgers binne we
altiten let en och
wêrdat hinne?
Noch sa faak en folle
fannijs opbouwe ferneatigje
sjen fiele hearre rûke priuwe

Wiisdom soe dan wêze
stoarmen ôf te reizgjen
en somtiids skippen te ferbaarnen… Lês fierder

Lubbert Jan de Vries

de achtste dei

logo.ensafh

 

yn de úthoeke fan de Skrift toant de Skepping him
op ’e achtste dei
oan de hûn

efter syn brune hûne-eagen
yn de strielen fan de sinne
dûnset in krie
in spjocht dûkt
oer syn kop
en hammeret in nij swart gat
yn in deade beam
neist him
stiet in ielgoes
deemoedich as Jezus Kristus
wjukken wiid
oan de wetterkant

wylst is dêr
it delbêdzjen fan de ierde
wylst is dêr
it wrotten fan de beammen omheech nei de Himel
wylst rûkt er de delgong

yn de nacht fan de achtste dei bilet de hûn
by it ljocht fan de moanne
boppe it grêf fan de man út Earnewâld
de hûn koe him by it libben(de alpha) én kin him yn syn stjerren (de omega)
de hûn seach reeën yn it Paradys mei de snút omheech
ferwûndere…de man út Earnewâld…dea !?… Lês fierder