
de tonge kin yn alle bochten docht net oars hy draait
de blaai is in slang dy’t him om de wierheid hinne wynt
as fansels sit op ’e troan it liichbist om’t dat meigrynt
troch de moaiprater wurdt de hoanne omlein foar’t er kraait… Lês fierder

de tonge kin yn alle bochten docht net oars hy draait
de blaai is in slang dy’t him om de wierheid hinne wynt
as fansels sit op ’e troan it liichbist om’t dat meigrynt
troch de moaiprater wurdt de hoanne omlein foar’t er kraait… Lês fierder

Dyn hûn leit yn tinzen en mei sin
op it flierkleed en slacht net oan.
Moat ik dy kenne, bist ferâldere;
de eagen binne hjoed wat min en
dêr troch de stege, dêr moatst gean;
tsjin de Martini oer spilet Macbeth.
O Frjentsjerter Ier; do wite roas
dy’t ferwylje mei yn ’t lichte hout
en dy’t stadich raant, moai gau
oan it ivige yn Wyns gewoan.
In gleske op dyn muzen en kosten
nei’t sprekkers skriemen ferbeaen,
dat ik ha de sinnebril mar opset;
net om de triennen te kearen.
Yn dyn hûs fan leafde wennet frede,
wol myn agnostyske god segen ha.… Lês fierder

roppen ta it amt laket kweajonge de tosken bleat
ferdjerlik lân dat net oerdutsen is mei skamteread
de eufory fan de macht it swiet fan de oerwinning
de karakterswakte fan in folk sûnder besinning… Lês fierder

jiskebakken lege yn iepen hollen
spikers spatte út eagen sêfte hannen
balje ta knotsen slane de tafel oan grom
poarjes sûgje focht út flessen wei
finsters hingje út it lead troch in bûgel yn
gelid hâlden mar dêr is it ek mei sein
út it dakrút wei wurde wy roppen ta in heger doel
‘wy kinne ite’ mar wolle oars net as in skeet
om’t wy blastich binne fan ússels en it praat
dat op neat útdraait mar ús al byinoar hâldt
want alle koheezje bestiet út kommunikaasje
mei reekritueel en muzyk troch alle jûnen oant
de kop tebrutsen falt op de oerloop
‘dat wurdt skrobjen’ hie se noch sein… Lês fierder

Ik sjoch mysels
Yn trijelûkspegel
Sokke foto’kes
Makken se ek
Yn de foarige ieu
Lofts, rjochts
Harsens frontaal
Ik ha my yn in
Ivichheid net
Goed besjoen
Dampich út bad
Ja, it Pyknysk type
Sa fuortrûn út in
Pasjintedossier
Etalaazjepop op in
Fakânsje útstapke
Alle ûnderdielen
Wurkje noch wol
Mar dat kin moarn
Samar oars wêze
As je better sjogge
Troch de lins
Binne de pixels
Al yn ûntbining
En farsk sied
Boarne fan nij libben
Is krekt ferdwûn
Troch de ôffier
Fan it bad
Ik hoopje sa
Dat de lytse
Pyknyske
Homunculi
Parasjútsjes hawwe
En wichtiger noch
Swimme kinne… Lês fierder

Op dizze tel fan in fraksje tink ik net
langer as noadich nei en jou oan dy
alle krèdits en de koades der op ta.
Of, meist yn alle keamers komme,
langer yn ‘e bûnte kasten omtize, ek
al hast earder sein: Soks doch ik net.
Myn laadsjes mei in see oan ynfo,
al dat konkrete oan sinnen, leit no
my abstrakt bleat; it filearmes fan
Mamma Mia fiket my finaal út en dan
as skeletrak hingje ik hjir út ‘e liken.
Mei skernierpine en sa, mar dy haw
ik aldergelokkichstewei
al: Net dreame jonge, yt dyn pizza!
…
Grager, dat gers de dyk oer stekt
ris, in kuierke fan ús en do my wiist
alle kûltsjes dêr’t w’ yn lizze koene.… Lês fierder

Yn septimber binn’ de buorlju fuort;
is in wike dat ik net hear hoe’t
se hoasfuotlings de doar op en ta,
it paadsje feie en fage.
Om healwei alven alle jûnen
it ammerke ûnder de kraan;
dweil útwringe fan it flierdweiljen.
Se sizze nea wat, gjin knikje
kin der ôf, wylst ik yn har oere fan sykte
steefêst bid ta myn agnostyske god.
Leaver hear ik de slaande doarren
en de jellende bern oan ’e belle,
om in Haribo (petit et gros):
Hé, Jacob mogen wij een snoepje?… Lês fierder