Ane Bote Jukema

In sintsje

logo.ensafh

 

It wie in sombere dei
yn Boalsert,
griis en wiet en kâld,
wylst it stedsje
ornaris al
sa treasteleas is
yn de hjerst.
Lokkich
seach ik Beitske,
we fytsten elkoar foarby
op de Blaupoartsbrêge
en groeten elkoar.
Se striele
doe’t se my seach,
stiek de hân op
en rôp
myn namme,
as wie ik
har leafste.
Dat makke myn dei
wer goed. … Lês fierder

Elmar Kuiper

Linich

logo.ensafh

 

in frou makket har drok oer neat

it is in hiele keunst om jin
drok te meitsjen oer neat

de dei hat ommers altyd de blaai út ’e bek

in man tinkt:

as ik plan-út gnize wol moat
ik de bliere stofkes aktivearje
in ein fytse foar de moraal

grut nijs

dy man wol himsels mei de kombinaasjetange yn ’e earm knipe
dy frou wol harsels mei de wetterpomptange yn it wang knipe

wêrom

wolle dy man en frou de wrâld
begripe dêr’t de heksebile gûlt? … Lês fierder

Anne Feddema

Wij komen aan in Sint-Niklaas

logo.ensafh

 

Ik gong nei Machelen om it grêf te sjen
It grêf fan Gerard Reve
No wie dat net de wiere reden
(Mar it begjin is foar yntertekstuelen)
Yn ’e trein Antwerpen-Gent
Sittend op in bonkehurde bank
Tocht ik oan myn Flaamske Frienten
En in skomjend Bolleke
Bûten rûn Dulle Griet
Mei restanten fan Schalulleke
Yn stiltme lies ik in
Opljochtsjend skerm
‘Wij komen aan in Sint-Niklaas‘
België altyd oars as oars
By ús komt Sinteklaas earne oan
Ik krige nocht yn Maes
En dan fuort in liter
En dêr einlings… gau derút
Stasjon Gent St-Pieter
Middeis ha ik dan dochs it grêf sjoen
It grêf fan Gerard Reve
It lei der as in swarte monolyt
Iensum yn it snústerich waar
Ik hearde :
‘Weidzje myn lamkes’
‘Hoedzje myn skiepkes‘
Ik seach omheech
Stoep op it grêf
It klonk leech
Uteinliks kaam ik dochs
Noch oan myn gerak
Nei Westmalle, Corsendonk
Verboden Vrucht en in
Pauwel Kwak

En it ein fan dit relaas
Ik doch dit jier wer ris oan
Sint-Niklaas.… Lês fierder

Himke de Jong

Smycht

logo.ensafh

 

Sybren Pimpel
hat my op syn begraffenis
raar te pakken hân

yn ’e deadskiste
hie er de bek heal iepen
en seach my troch spleetsjes oan

as woe er sizze –
ienris leisto der ek sa by

godferdomme,
ik krij de kop fan dat lyk
net mear út ’e harsens al is ’t noch sa

sels ûnder it neuken
bliuwt er my oansjen,
de smycht… Lês fierder

Tryntsje van der Veer

Weibrocht

logo.ensafh

 

It romme, foarname, bûnt dêrkeazen oard,
dyn kertieren, dyn hôven, op wif fundamint,
ik hifkje dyn wicht, fersûp yn dyn wyn.

weibrocht 1

It lichte, trochgeande, werheljend skel lûd,
dyn leanen, stêdspoarten, muzyk foar in sint,
ik ferwinskje dyn hjitte, oertsjûge triomf.

weibrocht 2

It drokke, beboude, rikt yn ’e hichte,
dyn grêften, dyn muorren, omheechsketten krûd,
ik betsjinje dyn brêgen, oars tocht ik ’t my yn.

weibrocht 3

It fileine, dit tsjuster, yntins ferlitten,
yn gloppen, rioelen, dêr hûzet fenyn,
ik sûgje en koarje, bedongje myn hûd.

weibrocht 4

It âlde, breanedich, tiidleas ferwurden,
yn wensten, nijfoarmen, dekôrelemint,
ik sykje en strún, rin frijheid temjitte.… Lês fierder