Edwin de Groot

Ritich

logo.ensafh

 

Ik bin de heuvels en falleien
dy’tsto bekrûpst mei floeiend liif
hoassokjend oer de simmergrûn
basalt in pels

Sa klien en linich as yn de sinnetiid
sa swier slûpst yn de lange nachten
as brekkend diggelguod troch myn tûken
om del te saaien as in fûgel fan iis

Bisto wêr’t ik op wachtsje
om myn leaten oer te jaan
oan dyn riten fan skossen en jiske

It ôfstekken is dyn antwurd
ik goai myn lân los
ekers moatte wer bewoeksen… Lês fierder

Hakan Jörder

Net in rare trochgang

logo.ensafh

 

yn side 29 fan de nrc sit in tegelgrut gat
dwars troch de tafel hinne
in famke yn in swart T-shirt
sjocht mei iepen mûle
nei in wite knyn
of wa wit nei grize planten of sa
yn har swart mei wite tún
fjouwer pianofingerkes op ‘e foarholle
in haadletter S fan hier rjochts fan de skieding
(links foar de bûtengatske waarnimmer)
drapearre – ja sa liket it echt –
oer in skouder dat sêft wêze moat en waarm
sels yn dy swart-wite wrâld
oars kin ik ek wol oan allah leauwe
of oan swevende sinezen sûnder swiertekracht,
oan spontane generaasje of flugger as it ljocht
en om it gat hinne stiet skriuwen
oer dat it famke
skriuwt oer minne en mûning,
oer slange en ierde en oer
en oer snakken naar kruisbestuiving
ik mei net sa grut wêze
grutter as tegelgrut bin ik al
mar wie ik in wite knyn,
no, dan wist ik it wol… Lês fierder

Rein de Lange

Betiid

logo.ensafh

 

it is te betiid
om my no al út de dream te draaien
en myn plakje yn it radarwurk te besetten

yn dizze kokon, fjouwer heech
efter dekadint fersliten kleden
fiert it oerwûn fakuüm feest

wyld faleriaantreksel wurket út
tusken beide earen brekt
eltse tinzekronkel iepen

mei de nacht dy’t my op reis naam
nei nimfen betsjoenend op it dûnsdek
rabjende seelju oan ’e swier

yn moarnsrûzen falt de wjerstân fuort
stjit ik it oertallige wer teplak
bleau noch efkes lizzen

ôfknapt wurch betink ik my:
it is te betiid… Lês fierder