Rein de Lange

sûndfloed

logo.ensafh

 

myn ûntbleate wurden
ferljochtsje skrutele skaden
yn de delfal fonkelet langstme

en boppe de net beslepte lekkens
driuwt muskusrook swiet yn it rûn
ik haw ferlet fan in suvering

dy’t yllúzjes rou fertarret
en yn in oerstallige sûndfloed
sabeare ûnthjitten ferdrinke lit… Lês fierder

Rein de Lange

foarmen fan letter

logo.ensafh

 

op it lege strân hearde ik in bern
laitsjen, ús soantsje smiet wer
boartlik in bal omheech

do kaamst derby
sloechst dyn earm
leafdefol om my hinne

ik seach dyn langst
de jonge dy’t dyn oanwêzigens
net opmurk, rekke betize

yn it letter dat wy sels foarme hiene
in fersplintere libben
elk op syn eigen paad… Lês fierder

Rein de Lange

wintermoarn

logo.ensafh

as ik mei mysels praat hinget de romte fol mei wurden
en yn elts skaad sjoch ik in útdrukking fan dyn gesicht
bûten is it dampich, auto’s litte klinkers sankjes sjonge

myn hert trillet my dyn djipste lusten ta
ik rûk oan dyn shirt
it hat dyn hûd noch net ferjitten… Lês fierder

Rein de Lange

sms

logo.ensafh

sy iepenet himel en ôfstân
loft draacht lyts har wurden
satelyt nei satelyt

toan fan ferbining
sykje ik gau it boadskip
by keunstmjittich swartljocht

ik ferskik ûngemurken
myn besette hert rjochting har
azemje in oare waarmte

fan it yntime momint
dat sy oan my tinkt; har fingers
op myn namme; sa tichtby… Lês fierder

Rein de Lange

thúskomst

logo.ensafh

                                                  foar Saske

it eilân slacht har doeken ôf
byt parten út de kim
tichteby leit hjir myn memmelân

de stjoerman ropt om alle hens
strunende skuorwinen meitsje
dit sicht suver huverich

ik kin har hast reitsje
mei myn hannen, hast
har teare holle tútsje

dochs in izige ûnrêst
ferwûnet it paad
blyn farwetter foarút

soe har werkenning
noch knypeagje nei my?… Lês fierder

Rein de Lange

Wite thús

logo.ensafh

se skillet my, ik wachtsje
skril yn myn wite thús
smetteleas fonkelje de ruten
myn tún jit keal, fûgels
fleane boumateriaal byinoar

har blauwe eagen
gripe myn lea fêst
ik stjoer har hannen
kuolje myn tinzen

lit it momint ferrinne… Lês fierder