KLOKKEPOËZY
Poëzykonsert mei stedsbeierdier en streekdichters
Op 10 septimber om 17:00 oere jout de Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, mei syn foargongers in poëzykonsert yn ’e binnenstêd fan Dokkum. De kariljonmuzyk wurdt fersoarge troch stedsbeierdier Auke de Boer.
Tigchelaar wol de ferbining lizze tusken syn foargongers, de eardere DongeraDichters en Streekdichters: Akke Brouwer, Bram Borstlap, Mark Spijkers, Tsead Bruinja en Jankobus Seunnenga. Hja hawwe it amt meifoarme ta wat it no is en krije sa de kâns om yn dy hoedanichheid fannijs fan harren hearre te litten. It publyk kin sa ek op ’e nij mei harren en benammen mei harren poëzy yn ’e kunde komme.… Lês fierder