Foar it earst sûnt jierren koene wy dizze winter wer reedride op natoeriis. De iisbanen yn Fryslân sieten fol mei besikers dy’t genietsje woene fan de iiswille. Hoe lizze iisbanen derhinne as de maaitiid wer begjint, as it iis wer fuort is en it wetter fan ‘e iisbaan ôf? Iensum en ferlitten no’t der net mear op riden wurde kin? Nee, se wurde brûkt, en hoe! Der wurdt op keatst, fuotballe en kuorballe. Hynders, kij en skiep rinne te weidzjen op it stikje lân. Der wurde gewaaksen op ferboud. En wannear’t iisbanen der dochs ferlitten by lizze, dan biede se rûmte foar rêst en besinning.… Lês fierder