Catharina Lautenbach

Oer-moed

logo.ensafh

Yn de fierte blaaike in skiep. It klonk kleiend. Twa, trije kear, dêrnei wie it benearjend stil. It duorre in skoftke; doe sette it skiep op ’e nij in kiel op. Miskien moatst it lamje. It gie troch alles hinne.
Se hâlde har hannen oer de earen en it gûnzjen fan har bloed mong mei de lûden yn de fierte. Ynienen wie it dien. Blakstil waard it. Mar net lang. Se waard kjel fan elk nij lûd: it tsjotterjen fan in sprinkhoanne, it kichje fan har mem en sels – of krekt – fan in guorreltsje yn har búk.
Har tinzen waarden nau as smelle stegen.… Lês fierder

Froukje Postma

Grutte earen

logo.ensafh

‘Wêrom kin hy no noait ris nei my lústerje!’ Gûlend jout Marchje har op ’e bank del. Wêrom is har freon sa no en dan sa’n ferskriklike hurk!

Se aait har kat Boris dy’t oprôle yn ’e hoeke fan de bank leit te sliepen. Hy begjint daliks te spinnen. Har triennen dripkje op syn read-oranje hier.

“Gelokkich kinsto wol hiel goed lústerje,’ flústeret sy. ‘En boppedat fertelsto noait wat troch oan in oar.’

Boris iepenet ien each.

‘Ja, duh. Oan wa soe ik it fertelle moatte,’ brommet hy. ‘Dyn freon lústeret alhielendal net nei my.’… Lês fierder

Berber Spliethoff

Leafde is loslitte

logo.ensafh

It ferhaal Leafde is loslitte fan Berber Spliethoff is de winner fan de ferhalewedstryd 2021, dy’t BoekfeestBoek útskreaun hat.

 

Leafde is loslitte

Baukje stapt mei in pear grutte tassen troch de doar fan ‘Greidegea’. Se hat de klean fan Jan wer hearlik skjin en strutsen yn de tas sitten. Hy hat altyd sa krekt west op de klean. Sy sil soargje dat dat sa bliuwt no’t er wat minder is.
Se hat ek noch efkes by de fiskboer lâns west. Jan is gek op in hjerrinkje. Sels griist se fan sa’n glysterich stjonkbist. Mar út leafde dogge je in soad.… Lês fierder

Klaas Rusticus

Yn ’e fuotprinten fan Majoar Bosshardt

logo.ensafh

Tekst fûn op in oan twa siden beskreaun snústerich papier op ’e boaiem fan in jirpelkistke.
Datum: de 11de fan ’e blommemoanne 19 (kladde fan it ien as it oar, ûnlêsber).
Ferslach fan in gearkomste fan debatingclub Loquitur et Audit yn it sûterrain oan ’e Spinozasingel nr. 63. It is nei tsienen en fan in debat is net folle mear te merkbiten. De preses, Mies Zwatelaar van Afferden, hat it offisjele diel ôfsletten mei in dronk op ’e reednerskeunst, de folibiliteit of de elokwinsje. Fuort dêrnei foel hja fan it lytse poadium dêr’t jo as preses op stean moatte as jo in offisjeel diel ôfslute.… Lês fierder

Trevor Scarse

Op fakânsje

logo.ensafh

Wannear’t ik de doar út stap, wurd ik begroete troch hjerstich sinneljocht dat in noflike oranje gloede oer it gehiel útspraat. Mei in pear stappen bin ik op it strân, de weagen skolperje oer it sân. In pear libellen gûnzje om my hinne en kinst de skaden fan fisken yn it wetter sjen. Gean even op de loaie stoel sitten tusken de pompoenen. Dy kinne aanst rispe wurde en omtsjoend wurde yn lantearnen, yn ferskillende soarten en maten en fjouwer kleuren.

Helje it ark út de bûse en doch myn deistige rûntsje oer it eilân. Fossilen út de grûn, appels en ikels út de beammen skodzje en sa no en dan de bisten dy’t hjir wenje dei sizze.… Lês fierder

Anne Feddema

Met een boekske in een hoekske

logo.ensafh

Atze van der Veen siet as in hearremyt op in skilderij út ’e iere renêssânse, tusken steapels boeken en boekekasten, dêr’t guon planken fan knapt wienen, sadat de boeken, dy’t der op stienen eins leinen op ’e rige boeken dêrûnder. In útspranteljend boekeuniversum. Hjir hearske in guodlike boekegeast, eigner fan in antikwariaat, dêr’t miskien heechút, ien of twa minsken op in dei binnenkamen.
Boeken alsa én goede boeken fansels. Dêr soarge Atze wol foar. Boeken, jawis…heech opsteapele… besteapele… ûndersteapele… fersteapele… neam mar op. In skatkeamer as de tombe fan Toetanchamon… hillige serendipiteit, foar wa’t der tiid en muoite foar naam om by Atze te sneupen en te strunen.… Lês fierder

Anne Feddema

Winsk fan in skilder (2)

logo.ensafh

Wat hienen jo no winliken oan sa’n stimke yn je ynderlik? Gean der mar hinne?
Hjir gjin lyts mantsje mei pet mar in giel plastifisearre plakkaat op ’e doar. Fedde lies it …Covid 19…bladibla…ticht.
Krekt op dát stuit gong de doar iepen en kaam der in man nei bûten, in man mei in grut read burd en wyld read hier, dat alle kanten út syn wei socht.
Hy seach Annema en die fluch syn masker foar, dat sa like it alteast, earne  ferstoppe sitten hie yn ’t burd. Fedde Annema skrille in heal meterke tebek en goaide derút: ‘Ik bin skilder en kom út Fryslân…foar Bacon syn atteljee… Mata Hari?…Alma… Lês fierder