Dit is de lêste ôflevering foar de simmerfakânsje. Pas op 17 septimber sil ôflevering 33 ferskine.
It sil wol sa wêze dat yn de rin fan de simmer in pear kear in bydrage oan dizze ôflevering foar it lange simmerskoft tafoege wurde sil.
Fierders sille de oare rubriken op ’e ensafh-site wol hieltyd fan nije items foarsjoen wurde. De nijsfoarsjenning giet dus gewoan troch.
Elske Kampen en Edwin de Groot
Fan har binne de gedichten yn dizze ôflevering. It gedicht fan Elske Kampen is in foarpublikaasje fan har te ferskinen debútbondel:
letters swart as krobben út dyn hân
en lit se yn it sân, as lûkt de grûn,
ta wurden rûgelje
Edwin de Groot syn gedicht slút wat de tematyk oangiet moai by dat fan Kampen oan:
Faaks dat myn klapwjukjen flechtich
it ôffeljen strjemmet of opmoediget miskien
wat fan ’e grûn komt wer
yn ’t sied sjit
Anne Feddema
Anne Feddema leit him de kommende tiid ta op it skriuwen fan proaza, wat liede moat ta in nije ferhalebondel.… Lês fierder