Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 1, 2018

logo.ensafh

It earste artikel yn it earste nûmer fan dit jier is it besprek fan De nacht fan Mare, de nijste roman fan Willem Schoorstra. Dat foaroansetten fan it besprek fan in proazawurk is bedoeld as statement. Yn it lêste nûmer fan 2017, it nûmer mei as tema Baskelân, yn it stik ‘In Baskysk-Frysk petear’ fan Eneko Aizpurua en André Looijenga seit de lêstneamde: ‘As orizjinele Fryske literatuer relevant bliuwe wol (of wurde wol), moat dy djipgravender wurde – sawol yntelliginter as ûnderhâldender wurde. Benammen jildt dat foar it proaza yn it Frysk. Ik fyn dat op dit stuit mar in bytsje Fryske romanskriuwers echt in koartswilige, nijsgjirrige styl hawwe.… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 4, 2017

logo.ensafh

Redaksjoneel

It is noch simmer, wylst ik dit skriuw, mar de ekwinoks en de hjerst slûpe stadich neieroan. De sinne is noch wol fûl, mar moarns en yn it skaad is de lucht wer skrousk. De ierde rûkt fochtich en oerryp, de fruchten gêstje oan ’e tûken. In tiid fan en nei de rispinge, wat ekstra tiid. De natoer hat him deljûn, en rintenieret.

Ik toffelje myn boekekast op en del, de adrenaline fan kommende ferhuzerij hâldt my wekker yn ’e nacht. Ik karmasterje de opbringst fan jierren: wat sil mei, wat kin nei de kringloop, wat skatten lizze der yn rigen efter de rigen.… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 3, 2017

logo.ensafh

Redaksjoneel

Op 28 july 2016 stie ik op it Drimon Festival yn Struga (yn Masedoanië). Yn in parkje op in kalme simmerjûn haw ik dêr yn it Ingelsk wat ferteld oer it Frysk en yn it Frysk in pear fan myn gedichten foardroegen. Letter op ’e jûn trede, ûnder deselde beammen en foar itselde publyk op noflike sitsekken oer, de Roemeenske dichter Denisa Duran (*1980) op. Se lies dêr gedichten foar út har bondel Sunt încă tânără (‘Ik bin noch jong’), ûnderstipe fan byld en muzyk. Ik wie fuort ûnder de yndruk fan har ynholden foardracht. Grûneftich klinkend Roemeensk, dat mei syn doffe î’s en ă’s en syn ús suver fertroude opgeande twalûden oa en ie, in hoedener, yntimer lûd hat as it Masedoanysk.… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 2, 2017: ‘Malta’

logo.ensafh

‘It libben op elk eilân – lit it Malta wêze, Sint Helena of Madeira – streamt yn deftige ferwachting hinne. Dat hat syn skientme en syn ûngemak. Yn alle gefallen, elkenien is sûnder ophâlden dwaande, elk dimpt hiel licht de stim wat en is foar in oar oer in bytsje attinter as op it grutte fêstelân mei de wide jas fan syn wegen en syn ûntkennende frijheid.
De earskulp wurdt finer en krijt in nije rûning.’

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 1, 2017: ‘Éire’

logo.ensafh

Dit earste nûmer fan ensafh yn 2017 hat as tema: Éire. Friezen hawwe wol wat mei Ierlân. Op ien ferhaal en in resinsje nei, bestiet dit hiele nûmer út nije Ierske oersettings en Frysk wurk dat troch Ierlân ynspirearre is. Net om ’e nocht is Ierlân ferneamd om syn rike literêre erfskip. Der binne hiel wat (Ingelsktalige) Ierske skriuwers dy’t ta de klassikers fan de ynternasjonale moderne literatuer hearre, lykas W.B. Yeats, James Joyce, of Seamus Heaney. Oer harren wurk giet dit ensafh-nûmer lykwols net.

Klik hjir om fierder te lêzen (pdf)… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 6, 2016: Hölderlin

logo.ensafh

‘Wat bliuwt lykwols, bouwe de dichters.’ Was bleibet aber, stiften die Dichter. – Oan de dichter fan sokke heechstimde ferwachtings oer it wêzen fan poëzij is in grut part fan dit nûmer fan ensafh wijd: Friedrich Hölderlin, de fisjonêre Dútske romantikus.
It is no 246 jier lyn dat Hölderlin berne waard, en 173 jier lyn dat er ferstoarn yn de toer yn Tübingen dêr’t de famylje Zimmer him as psychiatrysk pasjint ferplege. In jubileumjier woene wy net op wachtsje.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder