
Poëzij
útsjoch op ’e stêd

Nei in fers fan William Carlos Williams
doe’t ik line tsjin in beam yn it wâld
bekommend fan myn troch mysels oproppen leafde
seach ik ôfwêzich nei de stjerren
krekt as socht ik troch de tûken wat oars yn de blauwe nacht
en in momint seach ik mysels lynjend tsjin in beam
dêrefter it lûd fan in grutte party yn de apparteminten fan New York,
wolskepen skilderings op de muorren, faam,
kraantsje-sûgen en triennen,
jild en arguminten fan grutte saken
de kultuer fan myn generaasje
myn eigen wrede machtferbyldings
myn eigen wrede siel notearret
op mominten fan isolaasje opnommen dreamen
piercings, sekwinsjes fan nachtlik tinken
primitive ylluminaasjes
ûngemaklik fielen dat de wite kat
dy’t op ’e tafel sliept
op in momint syn eagen iependwaan sil
en nei my sjen
ien soe yn wilmapas sitte kinne
registrearjend de ferskiningen yn it fjild
sichtber fan de hingelmatte ôf
útsjende oer it skaad fan de greide
yn hiel it foarfjild fan de ivichheid
in dwercheftich reiden dak
ûnder yn it gers op in holle ôfdracht
ûnder in hege massa fegetaasje
weitse op de wylde hoeke
it lange skaad fan de berch dêrjinsen
op koarte ôfstân
syn yndividuele hierline fan beammen
fyn en donker lâns de richel trutsen
tsjin it transparante loftljocht
skuorren en gatten yn ’e blauwe loft
en fealgiele skitteringen fan wolken
ferdwinend ûnder de oare side nei it suden
(Yn febrewaris 2008 ferskynt Jelle de Jongs dichtbondel ‘Ik ha fochten mei myn soan’ by de Koperative Utjowerij.… Lês fierder
Soms

soms
soms lústerje ik út myn drokke libben
nei bekende fuotstappen op it hiem
ús heit komt wer de keamer yn
wy fûstkje sa as we altyd dienen
‘hoe giet it mei de bern,’ freget er
en ik sis: ‘goed, se wurde al grut’
hy knikt mei swijende blik
syn eagen stoarje nei in leechte
inkele minuten sitte we stil
neist elkoar, krekt as doe
wy ha gjin wurden nedich
‘ik moat wer fuort soan.’ en ik
begryp syn driuwfear, de dea
kin gjin momint mear sûnder him… Lês fierder
Heinrich Heine oerset (III)

Der Asra
Täglich ging die wûnderschöne
Sultanstochter auf und nieder
Um die abendzeit am Springbrunn,
wo die weiszen Wasser plätschern.
Täglich stand der junge Sklave
Um die Abendzeit am Springbrunn,
Wo die weiszen Wasser plätschern;
Täglich ward er bleich und bleicher.
Eines abends trat die Fürstin
Auf ihn zu mit raschen worten:
Deinen Namen will ich wissen,
Deine Heimat, deine Schippschaft!
Und der Sklave sprach: Ich heisze
Mohamet, ich bin aus Yemmen,
Und mein Stamm sind jene Asra,
Welche sterben, wenn sie lieben.
Heinrich Heine
út: ‘Ich weiss nicht was soll es bedeuten’, Den Haag/Antwerpen, 1956
De Asra
Alle dagen rûn dy skat
fan in sultansdochter del,
yn ’e jûntiid, by de wel
dêr’t it wite wetter spat.… Lês fierder
Net jong mear, dus âld

leave, do praatst sa maklik
oer hoe goed it giet
en hoe lokkich ast bist
mar leave, ik sjoch rimpeltsjes
by dyn mûle, by dyn eagen,
as in ierpel droeget dyn hûd stadich út
hast it sa troffen yn it libben,
do kenst de wrâld en de wrâld ken dy,
se kinne net om dy hinne
mar leave, dyn hier hat de kleur fan henna,
brûkst mear en mear make-up
en dyn liif wurdt hieltyd skraler
leave, ik hâld fan dy,
mar myn leafde ferskromfelet
stadich, stadich, fluch… Lês fierder
Sjane (acht haikûs)

Myself I long for love and light,
But must it come so cruel, and oh so bright?
Leonard Cohen, Joanne of Arc
I.
Op ’e skreiershoek
foechleas in stoanjende stee
oarlochsglês ynein
II.
Sjane dwelmet om
op in trochnaaid tizehiem
sjitleaden fleane
III.
Nacht op nacht op nacht
fleach de siedder op har oan
oant flym him kearde
IV.
Mem hat it witten
ringfeart djip en wûnderwiet
seegrien har boeteklaad
V.
Inkeld har stimmen
yn barbeknypte keamers
famke praat foar tsien
VI.
Brânmûlen flaaie
de edelfrou op ’e troan
splinterflewiel skroeit
VII.
Fjoertoer yn it lân
geil folterjende tongen
sykje hout en fleis
VIII.… Lês fierder
Leave, goede nacht

yn ’e fierte it doarp,
de toer ferljochtet de hoarizon
as in kers
ús tiid is foarby
leave, hast genoaten
fan ’e sinne?
dyn lêste gloed is minent
alles tsjusteret –
wat giet it dochs fluch
yn ’e hjerst… Lês fierder
