
Sjochst it reade paad foar dy?
Kronkeljend tusken de grutte blêden
en de grouwe beammen fan in gruwelbosk?
Sjochst dy man, of nee, dy jonge,
sjochst dy jonge mei de strakke lippen?
Read is it paad dat foar him leit,
swart binne de blêden en beammen fan it bosk
en neist him rint in bleek famke, of nee, in frou
mei de hân yn ‘e bûse.
Wat wolsto, freget de man, of nee, de jonge.
Wat wolsto hie it famke, of nee, de frou sa faak frege.
Wat wolsto, raast er út en hy draaft.
De jonge draaft draaft draaft oer it reade paad,
fljocht hurd planten foarby, strûken foarby, beammen foarby,
snijt hurde lianen fuort, snijt taaie tûken fuort, snijt beamblêden fuort
hymjend, achter de pûst
en stapt mei wurge fuotten
wer fierder
oer it reade paad.… Lês fierder