
Doe’t Walewyn heard hie dy klacht, 543
doe tild’ er hoeden dizze fracht
foar him op ’t seal. En resolút 545
rieden dy beide ’t wâld doe út.
En Walewyn hie wolris heard,
dat jinsen earne lei in stêd.
Foarby in hege berch it wie,
dêr’t in tûk dokter wenning hie. 550
Dêr brocht er Lanselot en fersocht
de dokter, dat er dêrom tocht
de lijer moai gau te genêzen.
Dan mocht er hoopje ryk te wêzen.(1)
En dêrby neamde Walewyn 555
in treflik wurksum medisyn.
Doe skat’ er fan freon Lanselot
en ried er yn sân hasten fuort
nei wêr’t de brulloft wêze soe.… Lês fierder