
De strieljende ingel
Klaaid yn wjerljochtsklean
Wie mar wat grutsk op syn lea
Sittend op in grutte Stien
Rôle hy mei syn bondels spieren
It klonk as tonger
Twa froulju
Maria en Maria
Seagen it
En seinen:
‘Dat is in geef eksimplaar’
Hja kamen tichterby, foelen
Op ’e knibbels en omklammen
Earbiedich syn fuotten
‘Hy is fan my,’ sei Maria
‘Hy is fan my,’ sei Maria
De ingel klapperwjukke
Hommels fuort
Mar de Maria’s twa
Lieten net los
En seinen earst moarn
Tsjin de fûgels en letter
Goeie tsjin de stjerren
Wêr’t hja úteinliks
Bedarre binne?
Wa sil it sizze?
Aldergeloks binne
Der noch mear as genôch
Maria’s
Mar ingels?… Lês fierder