Hidde Boersma

Ta rêst komme by de Sinees

logo.ensafh

By de Sinees sit ik oan in glêdlakte tafel achter in sierlik glês bier op in filtsje te wachtsjen op myn Nasi Indonesia Kip. De tafel is ôfnommen, glânzget en is útsein it glês, it filtsje en myn earms leech. Hearlik. Ik ha my yn skoften net sa rêstich en sereen fielt. Ik soe wol in krystferhaal skriuwe wolle dat him ôfspilet yn dizze setting. Op in dei, sa nim ik my foar, sil ik de lju hjirre myn idee foarlizze en hearre oft der yn harren saak of libben ris eat bard is dat him foar myn ferhaal lient. Sa kaam de skriuwer út de film Smoke ek oan syn materiaal.… Lês fierder

Daam de Vries

Koen Kampioen

logo.ensafh

Wa’t sa’n titel betocht hat mei om my fuortendaliks de heechst beskikbere literêre priis wol ha. It alliterearret oan alle einen en kanten. Literêrder kinne jo it hast net krije.

Ik kaam by Koen Kampioen telâne nei oanlieding fan in tweet fan buorfrou. Har âldste woe nei Koen Kampioen sjen, dat sa. Ha’k earst mar ris op Koen Kampioen googele. Blykt in nochal ferneamd figuerke te wêzen mei in hiele merchandise-line en benammen boeken.

Koen fuotballet. Dat is wat my oanbelanget gjin goed teken. Fuotbal is de meast ûnnoazele en maatskippij-ûntregeljende sport dy’t jo betinke kinne. Unnoazel om’t se mei it spultsje begjinne as de natuer sawat oan sniejachten en oar ûngeriif ta is en ûntregeljend om’t lju jo begjinne út te segenjen as jo har ûnder in wedstriid belje om in wat kultureelder barren te regeljen.… Lês fierder

Willem Winters

Lânkaarten

logo.ensafh

‘Smyt dy âlde atlassen mar fuort. Wy hawwe no in tom-tom, mei de hiele wrâld deryn. Datst sûnder kaarten raar op’e kofje komme kinst, dêroer skriuwt Annek yn har kollum. Dêrút kinst opmeitsje dat de âlderwetske kaart net oerstallich is.

Mar hokker kaart keapest? Wy wiene altyd – doe’t wy noch fytsten yn Ingelân en Frankryk, ensfh., wiis mei de Michelins fan 1-50.000 [1 sm op ‘e kaart = 50.000 yn it fjild = 250 meter. Dat betsjut datst knap wat details sjen litte kinst, details dy’st noadich bist om dy te oriïntearjen.

We wiene ta oan in nije kaart fan Spanje en Portugal, de âlde [wie wol 20 jier en yn dy tiid is it wegenet tige feroare] lei útinoar.… Lês fierder

Anneke van Renssen

Montpellier

logo.ensafh

Wy binne yn it gelokkige besit fan in kemperke. Net sa grut, krapoan seis meter mar mei alles derop en deroan. It iennige wat ûntbrekt is in dûs. Dat dogge wy wol op in kemping en oars mar net, want wy sykje trochgeans dochs de rimboe op en nimmen dy’t ús dan rûkt.
Mar no woe Willem nei Montpellier, om te sjen oft der ek in stânbyld of sa van August Comte wie, ien fan de grûnlizzers fan de sosjology. Boppedat moast Montpellier in moaie âlde stêd wêze. Willem bestudearre de plattegrûn fan de binnenstêd en kaam ta de konklúzje dat it in fluitsje fan in sint wêze soe, wis mei help fan Tante Betje, ús TomTom.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Skurve Barbaren

logo.ensafh

Reisferhalen binne saai. Fakânsjefoto’s binne stomferfelend. Ik bedoel mar, elke boerehufter reizget tsjintwurdich in ein yn ‘e rûnte, dêr sit gjin sprút aventoer mear by.

Jo favorite kollumnist hat ferline wike ek in pear dagen bûten de grinzen fan ús dierber Keninkryk omspaand. Ek hjir wie it aventoer fier te sykjen, ik hie in organisearre busreis nei Praach boekt. Mei gidsen en sa. Mei in bussjauffeur dy’t mient dat er grappige ferhaaltsjes fertelt. Mei Gert en Hermien út de lûdsprekkers ûnderweis.

Dochs haw ik my skoan fermakke, ik trof in twatal… Nee, lit ik net al te privee wurde, litte der geheimen bliuwe.… Lês fierder

Willem Winters

Paradys

logo.ensafh

No begryp ik it. It boek fan Kevin Rushby Het Paradijs hat ús wer te plak set. Hy skriuwt oer it sykjen nei it Paradys troch de ieuwen hinne. En dan blykt der in ferskaat oan foarstellingen te wêzen. It byld fan it Paradys is feroare (sjoch it ferhaal fan Adam en Eva) ta in plak dêr’t de hiele wrâld te keap is. Wy lêze Rushby kampearjend op in boerekemping in Noard-Frankryk. Us foarkar foar suterige boerekempings en kemperplakken yn desolate oarden is ús Paradys.

Rushby jout in oersjoch fan streamingen en yndividuën dy’t sochten nei it Paradys op ierde. Ik sil hjir in pear puntsjes oanstippe.… Lês fierder