Anneke van Renssen

Noordelijk Film Festival

logo.ensafh

Wy binne op fakânsje en ik frege Willem oft wy dan wol stikjes meitsje soenen. ‘Fansels,’ sei Willem. No, dan woe ik het noch wol eefkes oer it net trochgean fan it Noordelijk Film Festival (NFF) en it alternatyf hawwe. Willem net. ‘Dan kin ik allinich mar skelle.’ Willem is noch altyd poerlilk oer op de wize wêrop’t ik der wei rekke bin.
Hawar, dan mar aparte stikjes. Willem woe it ha oer it Paradys, ik oer in foar my ferlern Paradys: it festival. Ik wol my eins net mear bemuoie mei Film in Friesland, mar wat meitsje se der in soadsje fan.… Lês fierder

Willem Winters

Nonsens

logo.ensafh

Eigenaardige lju fine jo oeral, nim no de dichter/keunstner Alaric Sumner, nea fan heard, mar bysûnder.

Foarige wike wie ik dwaande myn brosjueres, sloppe en tinne boekjes wer ris kreas te plak te lizzen. Ik haw in pear steapels fan dy bledsjes fan sa’n 70/80 jier âld, guon wat jonger, guon wat âlder, oer in grut ferskaat fan ûnderwerpen. No seach ik der ien tusken dy’t hielendal út myn ûnthâld ferdwûn wie. In ekspressyf read-swart omkaft, stinselwurk sa te sjen: titel Songs of nonsens & experiment, fan Alaric Sumner, 1977, útjûn troch de Zimmer Zimmer Press.
It docht jin gjin nij dat yn it kolofon stiet: ‘Performances by the author can be arranged by phoning 01-722 6023.’… Lês fierder

Skermer

It is leafde

logo.ensafh

It is foar de tredde kear dat ik oer har dream begjin, oer har 2018-dream. Klik hjir en hjir.

Ik seach har fan ’t simmer noch op it keatsfjild yn Bitgum. Ik wol der net om hinne: ik gûlde, ik stjerde.

Ik sitearje Bob Seger – hy hat it oer it opnimmen fan it nûmer ‘Like a rock’: ‘My fondest memory of this recording is of David Cole and I listening to Rick Vito play the slide guitar solo late one night at rumbo Studios in LA. It was the single most spectular overdub I’d ever heard.’ Klik hjir om it te hearren.… Lês fierder

Hidde Boersma

Haaye de Hindoe

logo.ensafh

Yn in feesttinte dêr’t suver elkenien inoar wol ken, stean ik yn ’e midden njonken de sintrale skraachpeal. Om my hinne stiet it folk yn groepkes te drinken fan de rûntsjes bier en fris dy’t de lju om beurten by de bar ophelje. Ik kin hjir gjin mins, allinne myn maat Sneek Vertelt. Hy stiet op it poadium en spilet basgitaar yn de band dy’t bûten him bestiet út jonges út dizze nuveraardige krite, It Bilt. It folk om my hinne – yn ’t hert sa njonkenlytsen Frysk as bûter, brea en griene tsiis – is it neiteam fan Hollânske foarâlden dy’t hjir yn de sechtjinde ieu hinne kamen om it lêste stikje Middelsee yn te polderjen.… Lês fierder

Anneke van Renssen

Kastje

logo.ensafh

Op ien of oare manier hawwe Willem en ik de jefte om yn frjemde situaasjes te belânjen. Op it momint sels faak net sa aardich, it soarget bytiden wol foar moaie brike ferhalen. Nim no in pear wike ferlyn: Der waard skille, Willem die iepen. Der stie in man by de doar mei de fraach oft er ús bus eefkes liene koe. Hy hie in kastje op Markplaats kocht mar hie gjin ferfier want de freon dy’t it dwaan soe lei yn it sikehús. Willem antwurde dat it net koe, want wy meie fan ús fersekering allinnich sels ride. No, dan koe ik miskyn wol eefkes mei.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Romte

logo.ensafh

Romte is nijsgjirrich guod, ik ha der wer aardich wat fan makke de ôfrûne tiid. It giet mei opromjen al krekt as mei himmeljen; as je ien kear begjinne dûkt der hieltyd mear op dat oan de kant moat. Mar no binne der dus wer seeën fan romte, romte yn ’e kast, romte yn de wurkkeamer, romte yn de mailboks en as gefolch fan al it foargeande, romte yn ’e holle.
No ja, romte wie fansels oeral al, it is lykwols wat je dermei dogge dat it gefoel fan romte bepaalt.

It opromjen fan de wurkkeamer wie noch de grutste put.… Lês fierder

Anne Feddema

De roch en it harmoanium

logo.ensafh

It seach der nei út dat de kjeld definityf út ’e loft ferdwûn wie. Jûkelburd hie him weromlutsen oant de folgjende winter. De maitiid wie yn oantocht. In mylde, sâltige maartske wyn weage troch Oostende en berikte ek de sinnen fan fiskferkeaper Hespel. Yn himsels bearend rûn de man by de kratten del dy’t justlyn by him ôflevere wienen. Earsteklas guod, dat wie wol dúdlik. It die bliken dat it mar wat wier wie wat men sei: ‘Goede waar priizget himsels.‘ Withoefolle eagjes seagen him klear, ja sels hast skarlúnsk oan. No en dan klapte der in sturt. Hespel song wolris mei de fisk, sa soe hy no bygelyks in fraai maitydsliet ynsette kinne en der dan goed op lette hokker fiskbekjes it meast ritmysk meibewege soenen.… Lês fierder