Tryntsje van der Steege

To tab or not to tab

logo.ensafh

Sa. In kollum foar de digitale edysje fan Ensafh. En dy lêze jo dan op it skerm fan jo desk-, lap- of palmtop kompjûter – of op in tablet. It skriuwen fan dit stikje bart op myn âlde trouwe laptopke, dy’t mei har boujier 2003 al aardich heech op jierren is. Dizze dierbere freondinne beheart (om net te sizzen: behearst) myn hiele libben; se hat ûntelbere foto’s opslein, likefolle mailtsjes ferwurke, en hat my troch trije stúdzjes hinne holpen. Mei har lêste krêftsynspanning ha we tegearre fan’t simmer myn mastersskripsje folbrocht, en no leau ik dochs dat har tiid sa stadichoan kommen is.… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

De lullensnijders / Hottefyljen

logo.ensafh

De lullensnijders

GETVER, sei ik doe’t ik 13 juli de krante lies. Op ‘e foarside stie: ‘Amerikaanse vermaalt penis van echtgenoot’. Dat ôffykjen fan de pimel komt faker foar. It begûn al mei dy Japanske film, L’empire de sens. Man en frou hawwe wurchseks, sy smoart him ûnder it neuken en snijdt dan syn apparaat ôf, docht it yn wat lapen en rint dan dagen oanien, alhiel fan ’t sintrum, troch de stêd.
It gefal fan Bobbitt is bekend; him koe it spul wer oannaaid wurde. Dizze Amerikaanse woe dat foarkomme en stoppe de lul yn ‘e itensrestefermealer, der wie neat mear mei oan te fangen.… Lês fierder

Skermer

Fryslân en de wrâld

logo.ensafh

Wy sjogge nei de televyzje, harkje nei de radio, lêze de krante, boeken, sjogge op ynternet. Al dy ynformaasje: wy binne fersêde fan ’e wrâld. Moai. De wrâld is uzes meiinoar: net dêr wurdt honger lijt, hjir wurdt honger lijt.

Der kin in skras troch ‘hjir’, der kin in skras troch ‘dêr’.

Ik sit yn ’e tún, op it terras oan ’e sleatskant mei útsjoch oer de greiden: paradys Fryslân. Oan ’e oare kant fan ’e sleat rinne Tesselske skiep en ek in pear barbados blackbellys. Ik drink wyn dy’t wy meinommen ha út ’e Piëmonte yn Italië. It boek dat rjochts nêst my leit stiet fol mei poëzy fan Sinezen, oerset yn it Nederlânsk.… Lês fierder

Sjieuwe Borger

Fragmint út nije roman ‘Simmer oan ’e Pikmar’

logo.ensafh

De oare deis rûn er mei de fyts oan de hân nei de oerhaal en pinige him de holle wa’t Thérêse wol net wêze mocht. Thérêse fan der Geast hie belle en om him frege. Syn heit hie lykwols it tillefoannmer net opskreaun. Sybren koe nimmen dy’t Thérêse hiet.
Mei de krêft fan heechsimmer opponearre de sinne him mids de wolkens dy’t fluch út inoar dreaune. De dampen fan it simmerbuike stiigden op fan de strjitte, dy’t ynienen fol jongerein wie, as hiene se har ferskûl holden om tefoarskyn te kommen as it safier wie. Se ferdwûnen yn kafetaria, pizzeria of bistro.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Brún Bloed (01)

logo.ensafh

Haadstik Ien: Bloed en in Brief

Waarm bloed fan in stjerrende ko dripte feedokter Rinzema fan ‘e fingers. It kealtsje lei blau en sêft triljend op it strie, noch in djippe, heaze sucht en doe wie it ek foar dit nije libben oer.
Boer Tolsma stie der alhiel ferslein by, hy koe gjin wurd útbringe. Rinzema kloppe him op it skouder en besocht de man út te lizzen dat der neat oan te ferhelpen west hie, it keal hie alhiel dwers sitten, en eins hie neffens him de ko ek te âld west om noch te kealjen. Tolsma bleau stokstiif stean en reagearre net.… Lês fierder

Skermer

Snoeie

logo.ensafh

Dit lies ik:

‘Bang om te snoeien? Dizze gids lit op heldere wize sjen hoe’tst mei in tal simpele begjinsels yn ’e achterholle net bang hoechst te wêzen dat de te snoeien toaniel-, muzyk-, byldzjende keunst- of literatuersektor it daliks ôfleit ast de snoeiskjirre of de seage der yn setst. Oan ’e hân fan foarbylden dy’t in protte yn ús keunstwalhalla’s foarkomme learst hoe’tst mime- en toanielspilers, trombonisten, skilders en dichters ienfâldichwei sels snoeie kinst. Ek wurdt yngongen op it skearen fan literêre tydskriften en it ferwiderjen fan produksjehuzen.
Snoeie betsjut datst it tefolle ynkoartest en it deade, swakke of wat him ferkeard ûntjout weinimst.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Doarpsfeest

logo.ensafh

‘Hee Sjouke, silsto moarntejûn ek nei de feesttinte?’
‘Eh nee, jong, wat moat ik dêr?’
‘No, wat docht men meast yn in feesttinte? Feeste, fansels!’
‘Mei al dy dronken boeren?! Nee, dat is net myn idee fan feestfieren.’
‘Och hea, fielt er ’m te goed, jong?’
‘Nee, ik haw dêr domwei gjin ferlet fan. En dan dy muzyk, net om oan te hearren.’
‘Eh juh, dêr giet it dochs ek net om, mar om ’e geselligens.’
‘Dy haw ik ek wol achter yn ’e tún. Mei in bierke en de fjoerkoer oan. Dat haw ik folle leaver as dat leven fan in feesttintemuzyk.… Lês fierder