Willem Winters, Anneke van Renssen

Skyngehak/Fleis

logo.ensafh

Skyngehak

Bliuwt der by it iten fleis oer dat fuortsmiten wurdt, of der falt by it tameitsjen in stikje spek op ’e flier, dan tink ik altiten: ‘Skande, dêr hat de baarch him foar opoffere.’ Dat is wat oerdreaun fansels, mar net ûnwier. De fraach is, mei hokker rjucht ik in dier op yt. Kannibalen twifelen net oer harren itensfoarsjenning. Want wat is der no noch lekkerder as minskefleis? En wêrom soe it net meie?
Dat is in frjemde kwestje, sa as de rjuchtsaak tsjin Armin Meiwes, de kannibaal van Rotenburg sjen liet. Hy iet in man op dy’t him frijwillich by him melden hie.… Lês fierder

Skermer

Bloed oan ’e hannen

logo.ensafh

Bloedmetalen. Kobalt. Coltan. Mobyltsje. Kongo. Jild. Bloed oan ’e hannen.

Oalje. Auto. Irak. Jild. Bloed oan ’e hannen.

Himp. Untspanning. Afganistan. Jild. Bloed oan ’e hannen.

Ideology. Macht. Pakistan. Bloed oan ’e hannen.

Ras en nasjonalisme. Grinzen. Palistina. Bloed oan ’e hannen.

Godstsjinst. Hearsksucht. Midden-Easten, Noard-Afrika. Bloed oan ’e hannen.

In ryk libben.

In maklik libben.

In soargeleas libben.

In frij libben.

In feilich libben.

In himelsk libben.

Oarloch!

Der moat bloed foar floeie.

Dines leafst net.

De minske. De wrâld.

Bloed oan ’e hannen. … Lês fierder

Hindrik Wiebe Rinzema

San Isidro

logo.ensafh

Sa no en dan hat men fan dy dagen wêrop’t men leaut dat religy en it waar oan inoar relatearre binne. Sa ha in soad minsken it idee dat der altyd in wite kryst wêze moat. No ha we dat fansels lang net alle jierren, en hjir yn Meksiko wie it in fiifentweintich graden, mar dochs fersiere se de boel hjirre mei nep krystbeammen en snie. Ik bin gjin leauwich man, mar dochs komt it foar dat it waar him nei it leauwe foeget.
Sa ha se hjir yn de katolike wrâld foar sa’n bytsje elke dei in hillige, en ek elk doarp of wyk hat syn eigen hillige.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Utdaging

logo.ensafh

Okkerdeis deponearre Henk van der Veer, dy’t anonym bliuwe wol, in hiele steapel âlde Fryske literêre tydskriften by my yn ’e brievebus. It wiene benammen ôfleveringen fan de Tsjerne en Trotwaer. Dat lêste blêd bestiet nammers noch, alteast dat stiet op de foarside fan de Moanne fermeld. Nuver is al dat ik it net mear fine kin, wat ik ek yn dit algemien-kultureel opinyblêd omblêdzje. Mar dat sil grif oan my lizze.

Om mar ris koart te kriemen: de Fryske literatuer wie in stik libbener doedestiids. Literêre diskusjes, wêr fine jo se hjoed-de-dei noch? Ja, op ynternet sweve noch in pear kwerulanten om, mar dy binne amper serieus te nimmen.… Lês fierder

Greet Andringa

PTSS

logo.ensafh

Ik klap de laptop ticht en gean derút. De loft stiet fol stjerren. Nuver miskien, mar ûnder de bleate bûtenloft fiel ik my altyd tichter by dy as yn ’e hûs. Earlik sein sels tichterby as op it ynternet, doe’t it noch slagge om inoar dêr te moetsjen. Ja, oan de iene kant makke dyn gesicht yn in finsterke sweevjend boppe myn tafelsblêd my altyd bliid; dyn trekken, dyn maneuvels, dyn lûd, mar oan de oare kant: it wie allegearre sa frjemd fertrage en ferfoarme, wiesto dyselde eins noch wol?, frege ik my geregeld ôf, in man fan fleis en bloed?… Lês fierder

Cornelis van der Wal

De kiste fan oerpake

logo.ensafh

Ik kaam, it wie ein ferline jier, yn it besit fan in grutte kiste dy’t oarspronklik by ús oerpake fan memmekant wei kaam. Oerpake hjitte ek fan Cornelis, Cornelis van der Meulen om krekt te wêzen. De kiste hie al dy tiid by omke Hindrik ûnder it bêd stien en nei dy syn ferstjerren woe de famylje al dy âlde brot it leafst daliks fuortsmite. Lykwols, om’t der ek papieren en boeken ynsieten waard de swiere, skimmelige kiste by my besoarge, want ik wie ommers mei boeken en ek wol mei ‘gedichtsjes’ dwaande, dat faaks koe ik der wat mei.

Mei in soad lijen en stinnen sleepten trije fan myn omkesizzers it gefaarte de treppen op.… Lês fierder

Willem Winters, Anneke van Renssen

Meganika/Reparaasjes

logo.ensafh

By de yntelliginsjetest op de legere skoalle moasten wy útfine hokker kant in searje kamrêden opdraaiden as de earste linksom gong. Soks koe ik noch neikomme. Mar in horloazje útinoar helje en wer yninoar sette, dat is oare tee.
Fierder ferknoeide ik al reparearjend achterassen fan fytsen, benammen dy mei Sturmy archer fersnelling, balpinnen, fulpinnen, radio’s, in stofsûger, in analooch fototastel, ensafh.
Us heit hie in pear technyske boeken oer automotors, dêrút probearre er my oan it ferstân te bringen hoe’t sa’n motor wurke. Ek dat koe ik foar in grut part – de ûntstekking, it oansûgjen fan brânstof, de silinderslach – neikomme.… Lês fierder