Yn De Groene Amsterdammer fan 16 septimber 2010 seit Sadik Harchaoui, direkteur fan it ynstitút foar multykulturele fraachstikken Forum yn de fraachpetearsearje ‘It algemien belang’: ‘Foar it earst hat de middenklasse net mear fanselssprekkend it gefoel dat har bern it better krije sille as sysels. Dat is hiel wichtich. Polityk en belied gean oant no ta inkeld oer sosjale stiging, yn it ûnderwiis, op ’e arbeidsmerk, op ’e wenningmerk. Mar minsken moatte wier rekken hâlde mei sosjale delgong. En wat bart der dan? Hoe giet men dêr mei om?’
Dat brocht my as fansels in passaazje yn ’t sin út it begjin fan in ûntjouwingsroman út de njoggentjinde ieu, Der grüne Heinrich, fan de Switserske auteur Gottfried Keller (1819-1890).… Lês fierder
