Jouke Hylkema

Feroaring fan etyk

logo.ensafh

Yn ’e moannen desimber en jannewaris heart men net allinnich it knallen fan foetsoekers en karbidbussen achte lêzer, mar ek it knallen fan jachtgewearen yn it fjild. Fan midden oktober oant 31 desimber mei der jage wurde op hazzen. It jeien op fazanten en einen rint noch efkes troch oant en mei 31 jannewaris.
Feike Dam is net allinnich jachtopsichter, hy is ek foarsitter fan it Fryske Jagersbûn. Dam hat in grutte útfining dien sa’t er my oer de tillefoan trochdie, in útfining dy’t neffens him wolris it jachtgewear ferdriuwe kin fan ’e jachtfjilden. It is hjoed 24 jannewaris en ik haw in petear mei de man, earne yn in houtwâl yn ’e omkriten fan Beetstersweach.… Lês fierder

Willem Winters

Pas op mei sniebollen

logo.ensafh

Besite is altyd wer fernuvere oer myn 150 sniebollen [Schneekugeln, snowstorm, boule de neige]: skodzje en der komt in sniestoarm opsetten.
It begûn sa’n tweintich jier lyn mei in lytske út Bretanje, mei in calvary. Ik kocht nochris in pear, sette se op ’e skoarstienmantel, freonen seagen dat en kamen ek mei ien oansetten.
Sa kaam ik stadichwei ûnder de betsjoening fan de sniebol. Betsjoening, want dat trochsichtige koepeltsje fan glês of plestyk befettet in wrâld.
Wat it ûnderwerp ek is it wurdt presintearre yn in meast koepelfoarmige bol – der binne ek kubus- en piramidefoarmige – dy’t fuld is mei wetter en in bytsje gliserine om de floeistof wat tsjokker te meitsjen.… Lês fierder

Skermer

Avercamp

logo.ensafh

It frear al in pear dagen, mar noch net fûl.
Wy soene te kuierjen by de mar.
Ik sei: ‘Faaks wurdt der op it bûtlân al riden.’
En dat wie sa. Ut ’e fierte wei seagen wei de auto’s al stean. It wie der drok.
Wy ha in skoftke op it iis stien. Wat in riders fuortdaliks. Jong en âld. Alderwetske iiswille, samar ynienen!
Wy kuieren de hege mardyk del. Earst de iene en doe de oare kant út en hieltyd stiene wy stil om nei de riders op ’e flakte te sjen.
It waaide net, de sinne skynde. It wie ideaal waar.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Waatze Gribberts Brulloft 7

logo.ensafh

(Dit is de sechsde ôflevering, de foargeande stiene op Farsk 121 en 122, 123, 124 en 125, sykje ûnder de rubryk Auteurs by Eric Hoesktra (dy’t de tekst oerbrocht hat nei de hjoeddeiske stavering; de ynlieding wurdt by elke ôflevering op ’en nij pleatst; mei dêrby in kommintaar by de oanbelangjende ôflevering)

Persoanlike noat (Subjektive ynlieding)

O eal hear fan smachtsjende Lêzers en Leafhawwers fan 17e ieuske Fryske literatuer – ha ik sa myn manmachtige doelgroep net moai krekt omskreaun?

Ja, de simmer is oer syn langste dei hinne, de moanne hat fol west en yn it skûlliif fan ‘e natuer ripet it sie fan fruit en nôt.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Nei it easten

logo.ensafh

Alwer de lêste dei fan it jier hjoed. Ik sit hjir mei in man as fyftjin yn ’e ûnderwâl earne by Lauwerssyl. It is wat in stille keale wrâld hjir yn it grinsgebied tusken Fryslân en Grins. Wy waarden ûnderweis opholden troch stikeltried en minefjilden. Hjir en dêr leinen stille tsjûgen as sloppe ledepoppen te rotsjen, ja echt, jonge froulju en manlju. Ik skat sa tusken de tweintich en ’e fiif en tritich.
De wyn is east, it giet my sawat troch alle klean hinne, dochs moat ik eefkes rêste op in grinspealtsje út 1897. Oan ’e kime fan ’e swarte ierde rint in dyk mei like keale beammen.… Lês fierder

Anne van der Plaats

Friezen en Griken

logo.ensafh

Se glimke nei him.
‘Bist in Friezin,’ sei Konstantin.
Se joegen har op in terras yn ’e sinne del. It wie maitiid. De loft wie blau fan dagen: se soe trije moanne bliuwe en dit wie noch mar de earste wike.
‘Ik fiel my thús yn Grikelân,’ sei Sytske.
‘Dêrom krekt,’ sei Konstantin.
‘Kinst it ferhaal?’ sei se.
‘Ik kin jim skiednis,’ sei er.
‘Wy leauwe it net,’ sei se, ‘mar wy dreame der wol fan.’
‘Wy sjogge it daliks,’ sei er, ‘en wy fiele it.’
‘Wy ite kij,’ sei se, ‘en jim geiten en skiep.’
‘Fansels feroarje der dingen,’ sei er, ‘mar ik rûk it.’… Lês fierder

Willem Winters

J.W. Waterhouse: huverje fan froulju

logo.ensafh

Yn Britse musea hie ik wol inkele skilderijen fan Waterhouse (1847-1917) sjoen. Ek út plaatwurken oer de pré-rafaëlieten koe ik syn wurk. Sljocht op sokke skilders dy’t balanseare op it rântsje fan ’e kitsch moast ik fansels gau nei Grins, dêr’t in grutte tentoanstelling is fan syn wurken. (Noch oant 3 maaie 2009] Al gau huvere ik. Wat in kjeld, wat in ôfstân. Op de measte skilderijen binne froulju ôfbylde, mar watfoar froulju! Wat binne hja rûpsk! Hieltyd dy rjochte noas, dy lange, hast rjochte kaak. Se hingje, lizze of sitte, sjogge mismoedich, treurich, letargysk, leafst by de sjogger lâns of dwers troch him hinne.… Lês fierder