Klaske Hiemstra

Nei Antonio

logo.ensafh

Wy binne al hast dronken as wy der by Antonio ynfalle. Foar Antonio sels makket soks net út, mar der binne ek oare gasten, fansels.

Dat, wy gedrage ús.

Frâns en Hilde dogge de jas út en Hilde giet foar my oer sitten, en Frâns oan it haad fan de tafel sa moai tusken ús yn.

Eins bin ik te lammenadich om de jas út te dwaan, en de mûtse hâld ik ek mar op. Omdat ik bang bin dat myn holle samar op de tafel falle sil, set ik myn fûst ûnder it kin en de earmtakke op it sniewite tafellekken.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 2.2

logo.ensafh

Se stapten de barak út. Hea, dit wie Fryslân yn ’e simmer. Griene greiden leinen om it fleanfjild hinne, ljippen draaiden har rûntsjes yn ’e lucht, krûdige reek fan hynsteblommen, piipkrûd en spoekeblommen kidele de noastergatten fan stêdsminsken dy’t útlaatgassen, parfum en deo hiem wie. Yn it suden wie de stêdeboukundige grutskens fan Ljouwert te sjen, yn ’e foarm fan it gebou dat hiel Fryslân mei syn symboalyske slachskaad oerhearske, symboal fan in ûnoerwinlike driuw om de hichte yn: de Aldhei, yn ’e analfabetyske mûle fan it legere folk ek wol de Oldenhove neamd. Yn oare wei leine de doarpen Marssum, Bitgum en Stiens, mar dy waarden troch struken en rigen ile pompelieren oan it genietsjend each ûnttein.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 2e haadstik

logo.ensafh
dêryn wurde desiderius en syn nije maten reemakke om de takomstige helden fan europa en azië te wêzen, al tinke de europeanen en de aziaten der faaks oars oer. hoe’t it yntellektuelen fergiet. petearen oer de filosoof kalashnikov en it wapen fan cicero. wa binne de reuzen od en pod?

Nei it healoere mindere it fleantúch faasje. Sa gau al te plak, tocht Desiderius en hy stie fersteld fan ‘e foarútgong dy’t de minske yn it algemien en it Ministearje fan Definsje yn it bysûnder boekt hie op it mêd fan transport. Wêr soene se delkomme? Darfur, Irak, Colombia? Hy digere ta it rút út.… Lês fierder

Al R.

Minder ite, mear bewege

logo.ensafh

Minder ite, mear bewege: dat is tsjintwurdich it biedwurd fan de oerheid om de al mar fetter wurdende Nederlanner ôfslanke te litten. No bin is sels (noch) net te swier, mar omdat ik op it wurk foaral achter it buro sit, de tsien minuten dy’t ik nei it wurk fyts gjin namme ha meie en ik sa no en dan dochs in ekstra fetroltsje mien op te merken, fiel ik my hieltyd mear oansprutsen troch de oanhâldende oerheidskampanje. Dikke minsken wurde dêryn boppedat sjoen as in steltsje losers en dêr wolle jo fansels net by hearre.

Minder ite en mear bewege dus.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Soan, team, tonger en spin

Heite’, oerheitsheite’ namme
(Oan P. Lenige)

Heite, oerheitsheite namme,
rûn roald, fiif kear al ferstamme,
‘k laitsje dy yn myn Piter oan,
namme dy’t syn jierdei daget
dy’t myn sielnocht nea mishaget
en docht gjalpen om myn soan.

Betink, spruts wize keningsmûle,
betink dyn Makker, en dyn skûle
dêr’t dyn jeugd noch grient en blomt
en har jobbelich blier fermakket,
sulveren koard mei krêft omstutsen
dêr’t se yn seine kielsdjip swimt.

Snijtosk-brok’ler, each-fertsjustrer,
fuotten-skodder, hertferbjustrer,
dy’t hoasfuotling ta elk krûpt, –
wa kin ûnmachts need ûntrinne?
Wa sil net yn skamte stinne:
Wurk te dwaan is my ûntslûpt.

Lês fierder
Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Soan, team, tonger en spin

Heite’, oerheitsheite’ namme
(Oan P. Lenige)

Heite, oerheitsheite namme,
rûn roald, fiif kear al ferstamme,
‘k laitsje dy yn myn Piter oan,
namme dy’t syn jierdei daget
dy’t myn sielnocht nea mishaget
en docht gjalpen om myn soan.

Betink, spruts wize keningsmûle,
betink dyn Makker, en dyn skûle
dêr’t dyn jeugd noch grient en blomt
en har jobbelich blier fermakket,
sulveren koard mei krêft omstutsen
dêr’t se yn seine kielsdjip swimt.

Snijtosk-brok’ler, each-fertsjustrer,
fuotten-skodder, hertferbjustrer,
dy’t hoasfuotling ta elk krûpt, –
wa kin ûnmachts need ûntrinne?
Wa sil net yn skamte stinne:
Wurk te dwaan is my ûntslûpt.

Lês fierder
Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 1.4

logo.ensafh

– Nee, wy fjochtsje foar de oalje-yndústry en de wapenhannel. Mar dêr hiene wy it net oer. It gie oer de Taliban. Kinst gauris yn ’e krante lêze, sa’t ik sei, dat der wer ris safolle fan dy Taliban opromme binne. It is ús spesjale NAVO-bataljon dat soksoarte akkefytsjes opknapt. It soe net bêst wêze as ús gewoane soldaten de striid oangean moasten. Se ha ynstruksjes om it gefjocht oeral en altyd te mijen of har byneed suver ferdigenjend op te stellen. Se prate in protte mei de lokale befolking. Wylst smookt it spesjale NAVO-bataljon CK de nêsten fan dy heitelânstriders, dy revolúsjonêren út.… Lês fierder