Hidde Boersma

De bollesesjes (2)

logo.ensafh

It antwurd op alles

‘We einigje allegearre yn in houten jurk.’
Menear de Strjitfeier.

In soad minsken kinne it net stelle sûnder antwurden. Dêrom leaut de ien en ûndersiket de oar. En mar diskusjearje. Lokkich is der in alternatyf.

Fuck it. Sprek it mar ris foar jinsels út: ‘Fuck it.’ Net dimmen, mar mei fierens en foldwaning. Der heart jin fuort nei it útsprekken in glim om ‘e mûle te kommen, dy’t je net sels meitsje, mar dy’t út it boarst opluchtet as ferlichting. Fiele je it? No, priizgje dan jinsels, want je hawwe it antwurd fûn op alles: fuck it.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 27

logo.ensafh

Feuilleton

27

De oare moarns rieden se earst nei Cap Gris-Nez en dêrnei woe Seleina fuort ek mar nei Cap Blanc-Nez ta.
‘Dan ha wy dat mar hân,’ sei se, ‘en it is no ek geskikt, want it is helder, sadat wy, tink, de krytrotsen fan Dover wol sjen kinne. De Ingelske kust. Bist hjir no, dat dan moatst ek op dy beide punten west ha. Ik ha der sels trouwens mar ien kear west, mar gelokkich ek op in goed momint.’
Se kamen by bunkers lâns.
‘Dêr’t wy aanst stean hawwe Hitler en Göring ek nei Ingelân stien te sjen.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Database

logo.ensafh

In soad minsken binne der mei op de hichte dat oan elts libben in ein komt. Je ha ek guon dy’t miene dat se it ivige libben ha, mar spitich foar harren rint dy oertsjûging op in bittere teloarstelling út. Der komt in dei dat it oer en dien is mei de show. In gegeven sa wis as de bank.
Wat dêrnei bart is net alhiel helder, de iene tinkt der fan alles efteroan, in nije start dêr’t je eltsenien dy’t jo ûntfallen is wer moetsje sille, yn in omjouwing sûnder pine en oar brek. In oar hopet dat de ellinde dan dien wêze mei en dat alles asjeblyft net wer opnij begjint.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Reinige sneintemiddei

logo.ensafh

Ik skrik fan de man dy’t my oansjocht yn it spegeljende winkelrút. It is net it antlit dat ferfoarme wurdt troch de reindrippen. It binne de eagen dy’t my in tel de siken benimme. It fjoer dat der ea suver útspatte, is alhiel dwêste.
Myn foarholle wurdt wiet ûnder de mûtse. As de winkelman my fuortstjoere wol, fernim ik pas dat ik mei de kop tsjin it rút oan hingje. Ik kochelje in ferûntskuldiging, sykje omdôch yn myn binnenbûse om sigaretten en toffelje de strjitte út dêr’t ik wer opgean yn de massa.
Striemin waar, mar der sil fan de keapsnein gebrûk makke wurde.… Lês fierder

Willem Winters

Hûnen en hynders

logo.ensafh

Wy wiene mei de Pinkster op de kemping yn Lettelbert. Hearlik rêstich, allinne wy en noch in kerreven. Yn De Like wie in eksposysje fan Otto Eerelman. Ik koe syn wurk fan plaatsjes yn boeken en in inkeld skilderij yn in museum en no yn ’t echt! Hûnen en hynders! Mar och hear, der foelen nochal wat skilderijen ôf. Foar my wiene der trije kategoryen; ien: hûnen en katten, twa: portretten, trije: hynders – yn dizze folchoarder. De hûnen en katten, mar fral de hûnen, hat er prachtich typearre, benammen harren gedrach.

Dat is yn de portretten al minder it gefal.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

De oerwinning

logo.ensafh

Alle kearen sit dy smoarge Bokke wer op it dakje, sadat net ien by him kin. En mar lang úthelje mei dat healsmoarde heaze hege lûd. It giet men troch ieren en sinen. Wy kinne balte en raze wat wy wolle, mar syn snaffel hâlde docht er net. Hy hat dúdlik nocht oan ûnnocht.
Dat is it slimste noch net iens. It slimste is dat elkenien it der oer iens is dat ík der wat oan dwaan moat. Ik bin de linichste fan ús allegearre. Ik, Kekke, hear klatterje en springe te kinnen, dat ik kin ’m der wol ôfreagje. Of him goed yn ’e nekke bite as ik him fuortdaliks te pakken krije kin.… Lês fierder

André Looijenga

Fryske! Frijheid!

logo.ensafh

Folslein terjochte dat de meiwurkers fan Omrop Fryslân har fersette tsjin de fúzjeplannen fan de 13 regionale omroppen. In diel fan jins eigen organisaasje opjaan is ommers it begjin fan de ein foar jins selsstannige posysje. De hieltyd weromkommende drôchreden fan ‘jild besparjen’ troch mei diktatoriale hân ‘effisjinter’ te wurkjen ha wy ek hjir wer. It ûnmeugend djippe wantrouwen tsjin it wurkjen op de eigen wenstige skaal. Ien mal dêr’t alles yn passe moat. Ynbakt yn it himsels stikken managende Nederlân is de haat foar de útsûndering oer, foar de lokale situaasjes en de minsklike mjitte oer. It Nederlânske systeem kin ‘frijheid’ net ferneare (alteast net yn Fryske stavering), mar dêroer aansten mear.… Lês fierder