Daam de Vries

Mislik sekreet

logo.ensafh

Hjoed sille wy it oer Swarte Pyt ha. It is op ’t lêst gjin dieredei, gjin dei fan de siktaresse en ek noch gjin advintstiid of karnaval. Oars wol allegearre saken dy’t gâns omtinken freegje al helje se it net by de Swarte Pyt fan hjoeddedei.

Guon fine dat it út wêze moat mei dy Swarte Piteboel mei’t it persoantsjes binne dy’t slim diskriminearjend en rassistysk gedrach en tinkwizen hannen en fuotten jouwe. It soe aardich wêze dat der ris wittenskiplik ûndersyk dien waard nei hokker byld sokken by swartsjes hawwe en as dat byld dan ja ofte nee ek ôfwykt fan dat wat se hawwe fan bern dy’t harren op kreamkes op braderyen mei lichemsfrjemde kleuren begrieme litte en as koe it net op mei linteboel en oare rarichheden yn it hier befrissele as mislearre yndiaantsjes foar it ljocht komme.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Tsja…

logo.ensafh

Ik ha it útsjoch op in langwerpich stik papier. ‘DRACHTEN/Smallingerland’ stiet der boppe. In eintsje fierderop: ‘Parkeren bij een parkeerautomaat met kaarten terwijl parkeertijd is verstreken.Totaal € 56,10. Eindtijd kaartje was 14 uur:00. Betaald € 0,40. Beginnend bestuurder: Nee.’

Wy skriuwe freed 11 oktober, it is hjerst. Moarn is de tradisjonele boekemerk yn Drachten. Se ferwachtsje de hiele dei reinich waar. Dat treft min, de heale simmer en neisimmer koe it net op mei de sinne, mar krekt op de lêste aktiviteit yn de Moanne… O nee. Der is moarn noch in barren, yn Boalsert. Dêrom bin ik hjir. Rin mei in beamer en in laptop ûnder de earm oer de mei in ferskaat oan kleuren fluorre merk yn Drachten, rjochting kafee Marktzicht.… Lês fierder

Goffe Jensma

Rapport fan de Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2013

logo.ensafh

De opdracht
Mei it oannimmen fan it fersyk om lid te wurden fan de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2013 wie it ús taak wurden om de bêste poëzybondel oan te wizen dy’t yn de jierren 2009 oant en mei 2012 ferskynd wie en om de dichter dêrfan oan de provinsje foar te dragen as Gysbert Japicx-priis-winner.
Dy sin seit mear en hat ek gruttere konsekwinsjes as dat je yn earste opslach tinke soene. De Gysbert Japicx-priis is bedoeld foar de bêste Fryske poëzybondel en dus net foar de bêste Fryske dichter. It is belangryk om dat te witten, want dêrtroch komme ek bondels yn de beneaming fan dichters dy’t net mear ûnder ús binne, omdat se krekt yn de ôfrûne perioade ferstoarn binne mar noch al publisearre ha.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (11)

logo.ensafh

Feuilleton

11

‘Ik moat dus tinke, datst hjir blanko ynstapt bist,’ sei Seleina, ‘en datst dat briefke mei “Wy nimme kontakt mei dy op” foar kennisjouwing oannommen hast. Ik leau dy, hear.’
‘Ja, ik ha gewoan ôfwachte en fan ’e moarn wie it dan safier. Mar hoe witsto dat ik, nei’t ik yn Belgrado by dy yn it hotel west hie, oansprutsen bin? En dan skynst ek noch te witten wat de konklúzje fan de persoan wie mei wa’t ik praat ha.’
‘Ik wit hoe’t de wrâld yninoar sit. Ik wist dat ik yn Belgrado folge waard.’
‘Mar do wiest dy jûns yn kognito.’… Lês fierder

Willem Winters

Herr Merz

logo.ensafh

Herr Merz is de titel fan in biografysk stripferhaal fan Lars Fiske oer keunstner Kurt Schwitters en syn wurk. Yn de parse wurdt dizze strip bejubele: in masterwurk, in keunstwurk, in masterlike fertelling, spektakulêr, ensafuorthinne. It mei allegear wier wêze, ik stjitte dochs op in pear probleemkes.

Bekend is dat Schwitters him oanslute woe by de Berliner Dadaïsten, mar dy wiene nochal polityk links, wylst Schwitters him net mei de polityk bemuoide. Dan net, sei er en begûn syn eigen Dada: Merz, dat komt fan Kommerzbank. Hy makke fan rotsoai dy’t er op strjitte fûn prachtige kollaazjes. Yn ien dêrfan siet in snipel papier mei ‘MERZ’ ferwurke.… Lês fierder

Willem Schoorstra, Josse de Haan

Flater op flater: 10 books from Friesland

logo.ensafh

It begjint al mei de titel fan it projekt: ‘10 books from Friesland’. De offisjele namme fan de provinsje is Fryslân. Mar kin men oars ferwachtsje fan in organisaasje dy’t it yn de Nederlânske fariant oer ‘10 books from Holland’ hat? Soks is tekenjend foar de blykbere sleauwens en maklikens dêr’t it Buchmesse-projekt mei útfierd wurden is.

Ut dy reden hat it oars sa sympatike inisjatyf fan de provinsje Fryslân net de glâns en blâns krigen dy’t it fertsjinne. Namste spitiger om’t wy foar’t neist mar ien kâns krije, en ek dêrom is it net ferwûnderlik dat it meastepart fan de Fryske skriuwers protest tsjin de gong fan saken oantekene hat.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Wat myn boeken oer my sizze

logo.ensafh

Der soe in protte besite komme, minsken dy’t hjir lang net west hienen en oaren dy’t hjir foar it earst kamen. De bern setten op myn ynstruksje in rige stuollen mei de rêch nei de boekekast. Krekt neidat se it resultaat seagen fregen se wêrom: “Meie se de boeken net sjen?” “Miskien better fan net,” sei ik. Minsken tinke faak dat ien syn boekekast wat oer syn of har persoanlikheid seit. Oan plankeferbettering haw ik noait wat dien. Mar ik wol net dat myn freonen yn noed sitte oer my. Net sa lang lyn wie kunde mei my de keuken yn rûn en wylst ik tee sette hie er de boekeplanken yn de keuken besjoen.… Lês fierder