Piter Boersma

Molwrot (5)

logo.ensafh

Feuilleton

5

Seleina siet yn ’e wapenhannel. Alteast dat wie ien fan ’e dingen dy’t se die en dêrby wie elk ding de dekmantel foar wat oars. Foar’t se dy jûns Alexander Boban troffen, hie se de moarns mei in fertsjintwuridger fan it Servyske ministearje fan Definsje praat en de middeis mei in wapenhanneler dy’t saken die mei it bewâld yn Kosovo. Se reizge de wrâld oer, hie mei withoefolle lju kontakt, mar wie bûten de sektoaren dêr’t se gedoente mei hie ûnbekend. Hast alles dat se die spile him ôf bûten de iepenbierheid en as dat net sa wie dan bleau sy alteast al yn it tsjuster.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

De tsjerke fan Koartehimmen

logo.ensafh

De tsjerke stiet middenyn it doarp en de mienskip. Sjoch nei it Fryske plattelân en by hast alle doarpen is de bebouwing om de tsjerke hinne plante, al as net op in terp.

Hjoeddeis rint it oantal besikers oan dy tsjerke tebek, soks hat ynfloed op de sinteraasje. Sa’n âld gebou is djoer yn ûnderhâld. Yn guon plakken stiet de tsjerke leech omdat de ferskillend leauwende minsken byelkoar krûpt binne.
Dêr stiet er dan. Docht neat, kostet allinnich mar. Dochs is yn de measte gefallen de goedkeape fariant (ôfbrekke) net oan de oarder. De tsjerke heart by it doarp, is monumint of docht tsjinst by útfearten of as troulokaasje.… Lês fierder

Imke Müller-Hellmann, Jantsje Post

Nammen yn Eastfryslân

logo.ensafh

Yntroduksje by de oersetting fan  it ferhaal Namen in Ostfriesland fan Imke Müller-Hellmann

In healjier lyn moast ik in website oersette fan in feriening Gedenkstätte KZ-Engerhafe. Yn it lytse East-Fryske doarpke Engerhafe hat yn it lêste oarlochsjier in konsintraasjekamp west, en de feriening wol de oantinkens dêroan yn libben hâlde. (Sjoch: http://www.gedenkstaette-kz-engerhafe.de)
Oersettendewei ûntduts ik dat in âldomke fan my, fan wa’t wy altyd tochten dat er yn kamp Neuengamme omkommen is, dêr op de deadelist stiet. Doe’t we dat ûntdutsen, waard ik útnoege foar de jierlikse betinking yn Engerhafe. Ik wie der mei ús heit hinne. It bliek dat de namme fan dy omke dêr al jierren op in monumint stiet, mei dy fan 180 oaren út hiel Europa wei, dy’t dêr stoarn binne.… Lês fierder

Daam de Vries

Nûging fan de iuw

logo.ensafh

Goed nijs foar de 17% fan de Friezen dat oanjout Frysk skriuwe te kinnen: hja wurde nûge dat noch folle faker te dwaan mei’t de útfining fan de iuw soks in stik makliker makket.

De polityk hat op ynstigaasje fan lju dy’t it witte kinne de regels oanpast dat it is no appeltje-eitje. En dat wie it net. Dat sil ek de reden wêze dat út de wittenskiplike ûndersiken net dúdlik wurdt wat a) it nivo fan it Frysk fan dy 17% is en b) hoefolle fan dy 17% ek min ofte mear geregeld Frysk skriuwe as wy alteast de sinteklaasgedichten net meirekkenje.… Lês fierder

Willem Winters

Ljochtpuntsjes

logo.ensafh

Lêsten ha wy nei ’t Lichtpunt yn Kollumersweach west. Wy sammelje nammentlik tekeningen en druksels fan harten en in inkelde geit. Ea begûn dit mei in hartsje fan Van Meegeren. Fral dy stilearre, soft-fokus harten fan him binne populêr. It geitsje dat wy fan him hawwe is eins folle moaier tekene, mei rûch hier. It is folle ekspressiver.

It tal auto’s seit al dat it drok is. Wy stappe de grutte loads yn en steane stokstiif, safolle minsken… men sit oan lange tafels noflik oan ’e kofje en goedkeape fulde koeken. It liket wol in gearkomste fan âld-Kollumersweachsters.
Boppe fine wy wat wy sykje: in reebok en 4 reeën by in berchmar.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (4)

logo.ensafh

4

‘Ik hâld fan heech en ek fan leech, fan ljocht en ek fan donker,’ sei Seleina.
Alexander sei: ‘Juster hearde ik dy sizzen: “Rûch en glêd fiele beide hearlik oan.”; en fannemoarn seidest: “Libben en dea, beide.”’
‘Dan nim ik even rêst,’ sei se.
‘Ik ken dy no fjouwer wike,’ sei er, ‘asto lakest, moat ik hieltyd tinke, wat is der mei dat laitsjen.’
Se joech him in tút.
‘Laitsje en net laitsje,’ sei se.
‘Hast ek in foto fan dysels as bern, dêr’tst op lakest?’
Se seach him oan.
‘Wis,’ sei se, ‘in hiele protte.’
Se helle in pear foar it ljocht.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

De skriuwer as keapman

logo.ensafh

Hoe komt it dochs dat dat der yn Nederlân, en dus ek yn Fryslân, troch in grut part fan de befolking sa ûnferskillich, ja sels fijannich tsjin keunstsinnige uteringen oansjoen wurdt?

It sil grif mei de keapmansgeast te krijen hawwe. Sa wie der lêstlyn in better net mei namme te neamen Frysk skriuwer, dy’t pleite foar it ôfskaffen fan subsydzje foar de Fryske literatuer. De skriuwer moat it fjild yn, sels syn boeken oan de man bringe! Ophâlde mei dat gepamper! Koartsein: de Frysktalige literator moat tenei kommersjeel tinke, ek net al te drege boeken skriuwe, foaral gjin poëzij, want soks ferkeapet foar gjin meter.… Lês fierder