Anneke van Renssen, Willem Winters

Us Kat

logo.ensafh

Piet van Renssen

Dan moatte wy it no mar ris oer ús kat ha. Want hja wie skraachwurk dea. Op in middei seagen wy har fan in stoel op de flier springen. Dy stoel hie in normale hichte, dochs foel ús kat oer ien kant. Langút.

‘Dat is net normaal,’ rôp Anneke.
En der wie mear net normaal. Se hime oerflakkich, har hert bonke ôfgryslik.
‘Dit komt net goed…’
Yn in omsjoch hiene wy har yn it reiskuorke, de jas oan, de auto starten, nei de bistedokter. Hy befielde it bist fan alle kanten. Dêr is er goed yn. ‘Se moat fannacht hjir mar bliuwe,’ sei er.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

De boekekast

logo.ensafh

Fan in Billy, de Ikea-boekenkast dy’t alle studinten op har keamer hawwe, lei de ôfseage boppekant by it túch bûtendoar. Ut myn keukenrút op trije heech wei ûntduts ik fierderop in steapeltsje boeken. Ik bin der nei ta gien. By ús jildt it as in sosjale faux pas om boeken fuort te smiten. Dus dat ien de boppekant fan syn boekekast mei ynhâld en al op ‘e dyk goaid hie fassinearre my lykas in misdied; ik woe jizzelje en útfine hoe’t it safier kommen wie.

Op de trep nei ûnderen ta passearren my de senario’s. Boeken sammelje wie foarhinne foar rike minsken; earme minsken hienen tink ik allinnich in bibel en dy makke oare boeken oerstallich.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Bling bling

logo.ensafh

Ik bin in sportmaniak. Passyf, dat dan wol wer. Sûnt ik yn de D1 fan Heerenveense Boys op de trening in skop tsjin de knibbel krige, sei dokter dat ik mar better net wer fuotbalje moast. Dat wie spitich, mar ik ha my der by dellein.

Der binne in soad sporten dy’t ik folgje. In oare eigenskip fan my is, dat ik kwa sport belibjen konservatyf bin.

It is in helder ferhaal. Jo lûke twa streken, efter de iene begjinne jo, en wa’t as earste oer de einstreek komt, is de winner. Rinnend, op de fyts, op in motor of yn in auto.… Lês fierder

Daam de Vries

Ik hâld myn folk net foar it lapke

logo.ensafh

Rûchwei ha wy twa soarten sensuer: saken dy’t ferbean wurde en saken dy’t ús oplein wurde. Meast tinke wy by sensuer oan it skreaune wurd mar dat hoecht wat my oanbelanget net.

It twa kear beëdigjen fan ministers moat om’t it folk sjen kinne moat dat ien en oar wier bard is. Earder mochten wy soks net sjen. Dat wie sensuer. Dizze toanielspilerij is dat fansels likegoed. Yn in wat slimmere mar foar it each tûkere foarm.

It komt leau ik hjoeddedei net mear foar, mar foarhinne moasten de skoalberntsjes ferplichte rjochts skriuwe. En dat waard der nei’t ik mien yn slein.… Lês fierder

Nyk de Vries

Barbecue

logo.ensafh

Us relaasjegelok wie sa grut dat ik der nerveus fan waard. Al yn ‘e earste wike fan ‘e simmerfakânsje wist ik neat oars te betinken as it stikken te meitsjen. ‘Lit ik it dwaan foar’t de buorman it docht,’ mompele ik, wylst ik de karavan achterút de Mar fan Genève yn begûn te riden. Mar myn freondinne learde my al wat kennen. Se hie it oankommen sjoen. Se hie maatregels naam – touwen spand en linen lein om it ding op syn plak te hâlden. Se hie de eangst fan har freon om samar te sizzen ynbûn, en dy jûns wienen we al wer lekker oan it barbecueën.… Lês fierder

Willem Winters, Anneke van Renssen

Kasten en boeken / De wrâld draait troch

logo.ensafh

Kasten en boeken

Foardat wy op reis sille – alve steaten en 9000 km – beprate wy it tal boeken dat mei moat. Anneke hat in geweldich tempo en hellet soms wol in boek deis. Dat soe betsjutte dat der 77 boeken mei moasten. Probleem is: wêr moat ik se opbergje yn de kemper mei in beheind tal kasten. Freonen reagearren ferheard: dan is dochs in e-boek reader in útkomst foar jimme. Dêr kinst in hiele biblioteek yn dwaan. Ja, dat is sa, dus wy nei de boekwinkel. Dêr wiene se útferkocht. Fiif dagen foar ús fertrek koene wy sa’n apparaatsje helje.… Lês fierder

Piter Boersma

It begjin fan alles

logo.ensafh

‘Wat dochst?’ sei ik.
Ik hearde it mysels sizzen.
Ik hearde my sûnt in pear jier alles sizzen wat ik sei.
En der wie noch wat. Alles wat ik sei, hie ik al ris heard.
By wat ik no sei, hearde ik ús buorjonkje fan trije achter de hage wei nei myn frou en my roppen: ‘Wat dogge jimme?’
Ik fûn dat moai, ik wie gewoan in minske as alle oaren.
‘Seagje,’ sei de man.
‘Dat sjoch ik.’
‘No dan.’
‘Hâld der even mei op,’ sei ik.
De man seach my oan.
‘Ik bin der no,’ sei ik.
De man hie blauwe eagen, in snor, in puntburdsje en lang hier.… Lês fierder