Dêr sieten wy dan, yn ús sjike galajurken. Hiel yn ’e fierte op it poadium stuiteren trije figueren mei kapusjons op ’e holle op en del op de beat fan in pear grutte boksen. De foarste stie demonstratyf mei de rêge nei de seal ta en ek de achterste twa liken har alhiel net te bekroadzjen om de healfolle seal mei publyk. Mei freondinnen H. en J. wie ik op it Fryske popgala yn Drachten. H. hie my earder ûnder ús twawyklikse jog-rûntsje ferteld dat se gratis kaartsjes krigen hie en frege at ik ek mei woe. Dan koe ik dy band ris sjen dêr’t freonen fan har yn spilen dy’t ik noch noait sjoen hie.… Lês fierder
