‘De boeken binne myn troast en segen’, sei de man op ’e rommelmerk yn Appelskea. In rigele rinkjes yn de earen, in bolwurk kettings om ’e nekke, yn motorfest en op klompen, sette de wâldsjer syn kratten ûnder driigjende loften mei soarch werom yn ’e oplizzer. Der sit noch altyd wol hannel yn de âlde boeken.
Okkerdeis haw ik eksamen dien by de Afûk, ynklusyf in mûnling oer literatuer oan ’e hân fan in list fan tsien Fryske boeken fan foar 1945. Mei sa’n lêslist komst ek telâne yn boeken dy’tst oars noait frijwillich opslaan soest. Fan guon boeken ûntdekst dat dyn foaroardiel net terjochte wie, mar der binne ek literêre reputaasjes dy’t oan diggels falle.… Lês fierder
