It wie in klomske middei yn ’e Broeretsjerke. Simson (Albert Bonnema) joech him del op ’e skerte fan Delila (Anitra Jellema), dy’t him fluensk troch de hierren striek. Treflik artikulearjend spriek hja him ta: ‘Hast toarst? dyn mûle is droech fan alle praat, / ik helje in koele tooch dy út ’e saad, / en dan te rêst – dû bist der sa oan ta – / strak sil ús leafde in nije heechtiid ha.’
Fedde Schurer syn Simson wurke op toaniel! It bibelsk drama, it opera-eftige (méi tanksij stikjes Saint-Saëns), de statyske ûnbidigens, de hege taal… it wurke allegearre, en wurke boppedat yn it Frysk.… Lês fierder