Jelma Knol

Och heden ja, gyng dat doe sa

logo.ensafh

De lêste snie-en-iisperioade haw ik mar werris brûkt om in histoarysk riedseltsje op te lossen. Binne de prinskes yn de Tower echt fermoarde troch Richard III of is ien fan harren, Richard fan York, it jongste soantsje fan Edward IV, dochs ûntkommen? En hoe is dan syn libben fierder ferrûn? De histoarika Ann Wroe, skriuwster fan The perfect prince, set in yntrigearjend byld del fan de tiid tusken 1475 en 1500. It is in moai skreaun boek, oer Edward IV en de earste Tudor-kening, Hindrik VII, dy’t as in spin yn it web alle bewegings yn ’e gaten hâlde dy’t syn nij ferwurven troan bedrigen.… Lês fierder

Willem Winters

Aline en de leafde

logo.ensafh

Ferline wike fûn ik in ferwizing nei in Switserske skriuwster, Eveline Hasler, dy’t in boek skreau oer pianiste, skriuwster en psycho-analytikus Aline Valangin. Dizze Aline krige kunde oan de dadaïsten en oar keunstnersfolk dat flechte foar de nazi’s en yn Zürich hingjen bleau. Soe Hasler mei nije ynformaasje oer dada komme?
Op ynternet waarden mar twa eksimplaren fan Haslers boek oer Aline oanbean. De folsleine titel is Aline und die Erfindung der Liebe. Ik hold Aline yn ’t earstoan foar in romanfiguer. Mar even sykje op ynternet learde dat se werklik bestien hat [1889-1985]. Fan Aline, dy’t in soarte fan hotel yn it Onsernone Tal by Comologno runde, wurdt grute dat se as it even koe de manlju by har yn bêd sleepte.… Lês fierder

Skermer

De keunst fan Anselm Kiefer

logo.ensafh

In protte skilderijen fan Anselm Kiefer, miskien wol de measte, hawwe ek in romtlik elemint en soms binne it winliken romtlike kollaazjes.

De achtergrûn is altyd de natuer of ferwiist dêrnei troch de bewurking en troch de brûkte materialen.

Wat sjocht men oan eleminten, oan details?
In wytferve palmblêd is foar in swartbrune achtergrûn plakt.
In droege sieddragende keningskears is rjochtop tsjin in donkere achtergrûn plakt.
Op in tsjok mei in beskate emulsy ferve bedutsen doek, dat in desolaat snielânskip foarstelt, binne rigen deade, swartbleakere tûkjes plakt.
Foar in brúngriis beskildere doek dat in lânskip fan boppe-ôf sjen lit, hinget in jachtfleantúch fan lead en op dat fleantúch lizze droege sinneblommen (de lange stâlen mei de iepen siedkop dêr’t de siedden noch foar in part moai yn it gelid yn sitte).… Lês fierder

Willem Winters

Ferrassingen II, Tekst & Byld

logo.ensafh

Willem Winters

Ferrassingen II, Tekst & Byld

Gent hat in boekwinkel mei allinne poëzij. Nederlânsk en oerset. Myn bankpas lûkt der krom fan as ik om my hinne sjoch.

Myn each falt op J.J.Slauerhoff. In tekene portret fan him op it omslach: ‘Verbeelde gedichten.’ It is ien van de boekjes útjûn troch Atlas, wêryn’t in tal keunstners besiket gedichten yn tekeningen te ferbyldzjen.

Proaza en poëzij binne net sa ûnoantaastber of hillich dat se net foar sokke eksperiminten brûkt wurde meie. Mar dit boekje ropt fragen op. Wat smyt dizze ferstripping fan 10 gedichten op.

En wat falt der te sizzen oer de relaasje tekst/byld?Lês fierder

Skermer

Nee, ik bin der net siik fan

logo.ensafh

Net mear reedride kinne. Is dat slim? Foar in reedrider wol. Wie ik in reedrider? Ja, ik mocht graach ride, it koe it ek aardich, alhoewol, nei santich kilometer stoarte ik yn, wylst dan de echten krekt op gong komme. Ik hoegde lykwols net alle dagen te riden, ik hoegde ek net as earste op it iis te stean. Winliken makke ik der gjin tiid foar frij, ik ried as it my útkaam. Ik bin der net siik fan dat ik net ride kin. Dat, wie ik in reedrider? Gjin fûleindigenien yn alle gefallen, gjin pasjonearre reedrider, net ien dy’t op it iis stean moast.… Lês fierder

Skermer

Kultuer libbet út himsels wei

logo.ensafh

Kultuer libbet út himsels, út syn yntrinsike krêft wei. It is yn ’e minskewrâld in gegeven. Oer kultuer hoecht men net yn te sitten.
Men hoecht dêrom ek net yn te sitten oer oerheidsbesunigingen op kultuer. Dat jild is moai meinommen mar de kultuer bestiet der los fan.
Itselde jildt foar in auteur dy’t seit dat er hast wol mei it skriuwen yn it Frysk ophâlde kin om’t de provinsje der hieltyd minder jild foar oer hat. Lit him ophâlde, want foar de kultuer wie er al ferlern.
Kultuer hat syn eigen dynamyk, kreëarret syn eigen situaasje.
As in oerheid besuniget op kultuer komt dat út ’e kultuer sels wei.… Lês fierder

Willem Winters

Ferrassingen 1, keunst

logo.ensafh

Gent moast sa’n moaie stêd wêze, in soad kultuer ek. Wy moasten dêr sels mar ris sjen en in kearke net, lykas oars, trochjeie nei Frankryk.

Wy moasten fansels nei it SMAK, [Stedelijk Museum voor Actuele Kunst] ferneamd fanwege de spraakmeitsjende tentoanstellingen fan hypermoderne keunst.

2 frachtweinen fol

De earste seal biedt in ferrassend útsjoch op in foto fan in ûnbidige hal. It glês spegelet de seal dêr’t wy yn steane, seal en hal mjukse troch inoar hinne.
Ferhip, dêr beweecht wat: in pear minsken, in heftruck…
De skiedingswand blykt fan glês en wy sjogge yn dy hal, mei panoramysk effekt, de technyske tsjinst fan it museum oan it wurk.… Lês fierder