Oprop: skriuw in leafdesgedicht – schrijf een liefdesgedicht

logo.ensafh

Omrop Fryslân en Tresoar hawwe op Nasjonale Gedichtedei in oprop dien foar it skriuwen fan in leafdesgedicht foar Falentynsdei. Beharkje de oprop hjir (op tydstip 12:00 fan de hiele opname).
Elkenien dy’t wolris mei poëzij dwaande is – amateurs, profesjonals, romantisy of nuchtere lju – kin meidwaan. It gelegenheidsduo Gurbe Douwstra en Annelies van der Goot sil in seleksje fan de ynstjoeringen foardrage yn de Falentynsspecial fan Radio Froskepôle op sneon 14 febrewaris fan 13 oant 14 oere. Stjoer jo gedicht uterlik tiisdei 10 febrewaris nei it emailadres gedicht@omropfryslan.nl of fia de post nei Omrop Fryslân/gedicht, Postbus 7600, 8903 JP, Ljouwert.… Lês fierder

Hidde Boersma

Ensafuorthinne

logo.ensafh

Somtiden ha’k in soarte fan eufoarysk gefoel.
Dan fyn ik eat sa moai, idioat of fredich
dat ik yn it momint hingjen bliuwe wol.
Yn in stik muzyk, yn in hertslach, yn in sentimint, yn in gjalp.
In gewear pakke, sjitte, en efter de kûgel oanfleane.

En somtiden fiel ik my sa goed
dat ik net wachtsje kin op it fjouwerjen fan it libben:
earst dit, doe dat, dêrnei sa, lykas froeger, letter oars.

In oare kear gean ik sitten te lêzen.… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

it byld is sa tear

logo.ensafh

ik ken de grinzen net, de wrâld is rûn
en dochs driuwe der blêden op it oerflak,
falt der in beam yn it wetter dy’t him niis
noch oan de râne befûn. in fisk sjocht mei it iene
each omheech, in karper is it, de kleuren

timpere troch de skaden om de mar.
ik ferbyldzje my in wrâld mei alles ynien:
in himel wjerspegele yn it wetter, in grûn
dy’t gjin boaiem ken, alles wat net libbet
ferstille yn it momint. sêfte weagen

streakje tûken en blêden driuwe op de ierde.
fûgels fleane troch it wetter en fisken
kûse wolkens yn de loft.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd ensafh 1

logo.ensafh

Dit is de earste digitale ôflevering fan it nije tydskrift ensafh dat ûntstien is út de fúzje fan ynternettydskrift Farsk en it op papier ferskinende tydskrift Hjir. ensafh sil jierliks op ynternet 20 ôfleveringen útbringe en op papier 7 nûmers.
Ynhâldlik sille de digitale en de papieren ôfleveringen fan inoar ferskille. It is dêrom de muoite wurdich om in abonnemint te nimmen op ensafh-op papier. Dat kostet 27 euro jiers. Jo kinne dêrfoar foarearst noch maile nei postmaster@farsk.nl of redaksje@hjir.nl

De ôfleveringen fan ensafh sille net folle ôfwike fan dy fan it eardere Farsk. Geandewei sille saken fernijd wurde.… Lês fierder

Skermer

Lizze yn it lizzen

logo.ensafh

Wêr tsjut it op as men it net lykfine kin mei it sizzen: ‘In minske is in minske, gjin bist,’ en likemin mei it sizzen: ‘In minske is ek in bist?’
Wêr tsjut it op as men jin befrijd fielt by it sizzen: ‘In minske is in bist, in bist ûnder de bisten’.
Wêr tsjut it op as men neat ha moat fan it Kristendom en it Humanisme?
Wêr tsjut it op as men mei wolgefallen lêst: ‘Himel en ierde binne net spesjaal op minsken begien. Foar har binne alle dingen as de striehûnen. De wize is net op minsken begien.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Feroaring fan etyk

logo.ensafh

Yn ’e moannen desimber en jannewaris heart men net allinnich it knallen fan foetsoekers en karbidbussen achte lêzer, mar ek it knallen fan jachtgewearen yn it fjild. Fan midden oktober oant 31 desimber mei der jage wurde op hazzen. It jeien op fazanten en einen rint noch efkes troch oant en mei 31 jannewaris.
Feike Dam is net allinnich jachtopsichter, hy is ek foarsitter fan it Fryske Jagersbûn. Dam hat in grutte útfining dien sa’t er my oer de tillefoan trochdie, in útfining dy’t neffens him wolris it jachtgewear ferdriuwe kin fan ’e jachtfjilden. It is hjoed 24 jannewaris en ik haw in petear mei de man, earne yn in houtwâl yn ’e omkriten fan Beetstersweach.… Lês fierder